Frysk folksliet: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L →Tekst út Rimen en Teltsjes: oo feroare yn oa |
Ofbyld monumint foar Eeltsje Halbertsma; stavering: monument -> monumint |
||
Rigel 4:
== Skiednis ==
[[Image:Grou, Dr. Eeltsje Halbertsma Earebyld.jpg|thumb|Grou, monumint foar Eeltsje Halbertsma]]
"De Alde Friezen" is in liet skreaun troch Eeltsje Halbertsma ([[1797]]-[[1858]]) en foar it earst publiseare yn de twadde printinge fan "De Lapekoer fen Gabe Skroor", yn [[1829]]. By de meldije, dy't efteryn it boek opnaam is, stiet gjin komponist, mar it is de meldije fan "Vom hoh'n Olymp" fan Heinrich Christian Schnoor, dat Halbertsma faaks leard hat yn de tiid dat er studint wie yn [[Heidelberg]]. De tekst wie ek opnaam yn de earste printinge fan [[Rimen en Teltsjes]], yn [[1871]]. Doe't yn [[1875]] yn [[Grou (doarp)|Grou]] in
It liet is yn [[1876]] opnaam yn de earste printinge fan "It Lieteboek", letter "Frysk Lieteboek". Jacobus fan Loon wie ien fan de redakteuren fan "It Lietboek", en hy brocht it tal fan fersen werom fan sân nei fjouwer. It earste en it lêste fers binne oernaam hast sa't Halbertsma se skreaun hie, mar dêr tuskenyn binne mar twa oare fersen opnaam; oanpaste ferzjes fan it sechde en fyfte fers. It is dizze fersje dy't al gau populêr wurden is, en no as it Frysk Folksliet beskôge wurdt.
|