[[Ofbyld:Elias Magnus Fries.jpg|thumb|Elias Magnus Fries]]
'''Elias Magnus Fries''' ([[15 augustus]] [[1794]] – [[8 febrewaris]] [[1878]]) wie in [[Sweden|Sweedsk]] [[mykolooch]] (skimmel- en swammedeskundige).
Fries is berne yn Sweden wêr't er letter dosearre yn [[Uppsala (stêd)|Uppsala]]. Yn 1821 publisearre hy "Systema Mycologicum" (diel 1) - ien fan de earste mykologyske wurken, en letter "Elenchus Fungorum". Oant it foar de [[mykology]] wichtige botanyske kongres yn [[1987]] wie syn wurk tegearre mei dat fan [[Christiaan Hendrik Persoon]]s "Synopsis Methodica Fungorum" út [[1801]] lange tiid it útgongspunt foar de [[taksonomy]] fan de [[skimmels|swammen]].