'''Gaborone''' is de haadstêd fan [[Botswana]]. Dizze stêd hie yn [[2001]] likernôch 186.000 ynwenners. Botswana waard foar de ûnôfhinkelikens yn [[1966]] [[Bechuanaland]] neamd en doetyds wie [[Mmabatho|Mafeking]] de haadstêd. Dy stêd (Hjoeddeis Mafikeng neamd) leit no fierder yn [[Súd-Afrika]], wêr it it haadplak is fan de Súd-Afrikaanske provinsje [[Noardwest (Súd-Afrika)|Noardwest]].