Kapeseachbek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side ferfong mei 'Fuck'
L Bewurkings fan "208.20.123.28" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Loveless".
Rigel 1:
{{Soarte|
Fuck
Ofbyld= [[Ofbyld:Kappensäger männlich seitlich 050501.jpg|300px]]|
Klasse= [[Fûgels]] (''Aves'')|
Skift= [[Goeseftigen]] (''Anseriformes'')|
Famylje= [[Einfûgels]] (''Anatidae'')|
Namme= [[Lophodytes]] cucullatus
}}
De '''Kapeseachbek''' (''Lophodytes cucullatus'') is in [[fûgel]] út de [[famylje]] fan de [[Einfûgels]]. De Kapeseachbek hat in protte fan de [[seachbekken]] en wie yn [[1758]] troch [[Carolus Linnaeus]] ek by harren yn it [[skaai]] set. Yn [[1853]] is dizze fûgel troch [[Ludwig Reichenbach]] yn in apart skaai set.
 
De Kapeseachbek hat syn namme te tankjen oan de kape dy't er rjocht oerein sette kin. Sawol it mantsje as it wyfke hawwe in kape. It mantjse hat in swart mei wite kape lykas syn meast fearren, ek hat er opfallende readbrune siden. It wyfke is hast hielendal brún.
 
==Fersprieding==
De Kapeseachbek komt foar yn [[Noard-Amearika]] yn sompen en bosken mei marren yn de buert fan de [[Grutte Marren]] en oan de Pasifyske kust. Hy oerwinteret yn it suden fan de [[Feriene Steaten]]. Somtiden is der ek wol is in ferdwaalde Kapeseachbek yn West-[[Jeropa]] sjoen. Mar tsjintwurdich is kâns grut dat in Kapeseachbek dy't yn it wyld yn Jeropa sjoen wurdt in ontsnapt eksimplaar is. Sûnt it likernôch 1950 yn Amearika foar it earst slagge mei de fûgel te fokken is it in populêre sierfûgel wurden.
 
==Fuortplanting==
Lykas de [[Lytse Seachbek]] yn Jeropa, is de Kapeseachbek in [[hoalebrieder]]. Hy briedt yn beamhoalen dy't oant sa'n acht meter boppe de grûn lizze kinne. De 6-12 aaien wurde yn 30 dagen útbret. De jongen wurde troch it wyfke fersoarge. De jongen binne earst donkerbrún,;at se fearren krije lykje se in protte op harren mem, útsein dat harren kape dúdlik lytser is. Nei sa'n 70 dagen kinne de jongen fleane en ferlit de mem harren jongen.
 
==Iten==
De Kapeseachbek yt meastentiids lytse fisken, kreeften en yn de simmermoannen ek [[wetterynsekten]]. Om syn iten te fangen dúkt en swimt er ûnder wetter. Boppedat yt er ek wol wat wetterplanten.
 
==Sjoch ek==
* [[List fan fûgels]]
 
[[Kategory:Fûgelsoarten]]
 
[[bg:Американски нирец]]
[[de:Kappensäger]]
[[en:Hooded Merganser]]
[[fr:Lophodytes]]
[[ja:オウギアイサ]]
[[no:Hjelmfiskand]]