Ferskil tusken ferzjes fan "Haskerhoarne"

1.980 bytes grutter ,  12 jier lyn
L
wat útwreide
(Plak berjocht)
L (wat útwreide)
postkoade = 8506 |
}}
'''Haskerhoarne''' ( ek wol '' DE Hoarne'' ) is in doarp yn de gemeente [[Skarsterlân]], súdeast fan [[De Jouwer]]. Oant de [[gemeentlike weryndieling]] op 1 jannewaris 1984 hearde Haskerhoarne by de gemeente [[Haskerlân]]. It doarp hat likernôch 490 ynwenners (2004).
 
De namme soe ferwize nei nei de hoeke='horne'/'herne' fan [[Haskerlân]] It doarp lei yn de [[Midsieuwen]] ek yn de [[gritenij]] [[Haskerfiifgea]]. De gritenij Haskerlân of Haskerfiifgea ûntstie yn de [[15e ieu]] as in gearwurkingsferbân tusken de fiif tsjerkedoarpen Aldehaske, Haskerhoarne, Nijehaske, Westermar en Sniksweach.
 
Eartiids waard hjir ek turf stutsen. Troch it doarp ried eartiids de tram fan It Hearrenfean nei De Jouwer. Der binne gjin winkels yn it doarp, minsken geane meast te boadskipjen nei it tichtby lizzende De Jouwer
 
It doarp hat in begraafplak dêr't alle ynwenners begroeven wurde kinne. Ek [[Hotze Brouwer]] ligt dêr begroeven. Fierders is der in eigen tennisferiening en in basisskoalle: 'De Lytse Mienskip'. De toanielferiening hjit "Trije Botsende Hoanne".
 
Sûnt hat By it 100 jierrich bestean fan Doarpsbelang yn 2007 krige Haskerhorne in eigen wapen en flagge. It doarpshûs hjit It Trefpunt.
 
Yn [[1897]] waard yn it doarp in koöperative [[molkfabryk]] stifte. Dizze waard yn de [[1970-1979|jieren santich]] sluten. Sûnt dy tiid is der net folle wurk mar wol mear rêst yn it doarp komd, benammen ek troch it kearen fan slûpferkear troch it doarp. By de Wyldehoarnster Singel is in einekoai.
 
==Befolking:==
*[[1954]] - 416
*[[1959]] - 373
*[[1964]] - 395
*[[1969]] - 415
*[[1974]] - 400
*[[2004]] - 490
 
==Iepenbier Ferfier==
* Line 198: [[It Hearrenfean (plk)|It Hearrenfean]] - [[Nijehaske]] - [[Aldehaske]] - Haskerhoarne - [[De Jouwer]] - [[Snits (stêd)|Snits]] - [[Nijlând]] Rykswei - [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] vv.
 
==Strjitten:==
Biesterboschstrjitte, Flueskamp, Gravinnesingel, Haulsterwei, [[Hotze Brouwer]]strjitte, Jousterwei, Tsjerkepaad, Lange Ekers, Polderboskdyk, Rykswei, [[Van Claerbergen]]strjitte, Wyldehoarnstersingel.
 
==Literatuer==
*{{Aut|Elske Dijkstra-Pekema}} - ‘Doarpslibben Haskerhoarne’.
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].
{{Stobbe}}
[[Kategory:Skarsterlân]]
 
==Keppeling om utens==
*[http://www.historischekerken.nl/Friesland/Haskerhorne.html Tsjerke fan Haskerhoarne]
 
{{Koördinaten|52_57_10_N_5_49_45_E_type:city_zoom:15_region:NL|52° 57' NB, 5° 50' EL}}
[[Kategory:Skarsterlân]]
 
[[nl:Haskerhorne]]
56.977

bewurkings