Hijum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw de kopkes wat oanpast.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Ljouwerteradiel Hijum.png|thumb|300px|right|deDe [[himrik]] fan Hijum.]]
'''Hijum''' is it noardlikste [[doarp]] fan [[Ljouwerteradiel]]. De [[Hijumer Feart]], de âlde namme ''Hijumermear'' jout dit oan, is de grinsskieding mei de gemeente [[Ferwerderadiel]]. De namme Hijum is te ferklearjen as ''hiem'' of ''wenplak''.
 
It Hijumer doarpshûs hjit "De Kampioen", hjit komt ek de feriening Doarpsbelang gear. De skoalle is neamd nei [[Arjen Roelofs]]. Mei Finkum hat it doarp in brassband: Crescendo.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Hijum herf. tsjerke yn 1723 J. Steelingwerf.wiki.jpg|right|frame|Sa tekene [[Jacobus Stellingwerf]] de HijumHijumer tsjerke]]
Hijum is ûntstien op in kwelderwâl. Doe’t yn de 12de ieu dêr in dyk oanlein waard, wat no de [[Hege Hearrewei]] is, kaam Hijum yndyk te lizzen. Hijum kaam sa yn hannen fan it kleaster [[Mariëngaarde]].
 
Rigel 12:
It ynwennertal hat lang sa om de 300 west. Nei 1945 is der in oanwaaks komd om’t Ljouwerters harren dêr nei wenjen setten. It gemeentebestjoer hat dat oanmoedige troch yn Hijum wenten te bouwen.
 
==De mûneGebouwen ==
=== Mariëngaarder Mûne ===
Oan de Hege Hearrewei by de Hijumer Feart stie wat lang de iennichste nôtmûne fan Ljouwerteradiel west hat. Dit wie de ''Mariëngaarder Mûne'', ek wol ''Menaarder'', ''Bilgarder'' of ''Bilgaarder Mûne'' neamd. Der wurdt wol tocht dat dizze mûne troch it kleaster stifte is. Letter kaam der in partikuliere mealder. Yn [[1869]] is de mûne ôfbaarnd en dat wie de ein fan dizze mûne. Hjir sit in ferhaal oan fêst. De lêste mealder, Papma, woe wol fan de mûne ôf. Hy fûn in keaper foar 3.000 gûne en joech dy lok. Mar letter betocht Papma him wer en de nije eigener woe him de mûne wol wer ferkeapje. Papma koe de mûne foar 4.500 gûne wer weromkeapje. Papma hat dat dien, mar hy bekroade him wol oer dy 1.500 gûne dy’t hy tajaan moast. Syn húshâldster wist dêr wol rie op. De mûne wie foar 5.000 gûne tsjin brân fersekere; as de reade hoanne kraaide dan sprong Papma der noch mei winst út. Sa barde it dan dat de mûne yn ‘e brân fleach. Allinne begûn doe it gewisse fan de húshâldster te sprekken en se joech harsels as dieder oan.
 
==De= Herfoarme tsjerke ===
[[Ofbyld:Hijum heff. tsjerke preekstoel.wiki.jpg|frame|right|De preekstoel fan de Hijumer tsjerke.]]
De tsjerke is yn de twadde helte fan [[12e ieu]] boud. Der sitte noch fragminten fan dowestien yn. De tsjerke wie wijd ta [[Sint Niklaas]], de patroan fan de seefarders. Der wurdt wol tocht dat der doe yn Hijum skippers wenne hawwe. Se hienen oer [[Aldeleie]] in goede ferbining mei de Middelsee.
Line 25 ⟶ 26:
It ûnderhâld foar de tsjerke waard te swier foar de lytse Herfoarme Gemeente en dêrom is de tsjerke oerdien oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.
 
==De= Grifformearde tsjerke ===
Yn [[1877]] waard der yn Hijum in ofskieden tsjerke stifte. Dizze is letter oansletten by de [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân]]. De tsjerke hat de namme ''Betheltsjerke'' krige.
 
Line 37 ⟶ 38:
De Aebinga's binne letter nei [[Hallum]] ferhuze. As eigner fan harren state, it [[Nijehûs]], komme letter ek oare nammen foar. Yn 1732 makke [[Jacobus Stellingwerf]] in tekening fan wat doe eins in boufal wie.
 
== Arjen Roelofs ==
Yn Hijum hat, yn de twadde helte fan de 18e ieu en it begjin fan de 19e ieu, de doe ferneamde stjerrekundige [[Arjen Roelofs]] wenne en wurke. Hy is mei twa bruorren en in suster op it hôf fan Hijum begroeven.
 
== Befolking: ==
*[[1954]] - 510
*[[1959]] - 516
Line 48 ⟶ 49:
*[[2004]] - 390
 
== Strjitten: ==
Alde Ringwei, Breedyk, De Loane, Efter de Wâl, Ekersein, Finnepaad, Hege Hearewei, Lege Hearewei, Leiesterpaad, Mieddyk, Oerd, Poaitrije, Popkereed, Skoallestrjitte, Terp, Wallinga's-trije.