Bruto Ynlânsk Produkt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: It '''Bruto Ynlânsk Produkt''' (ôfkoarte; BYP) is ien fan de manieren om de ekonomy fan in lân of regio te mjitten. It BYP beskiedet de merkwearde fan al it produsearre guod en tsjinst...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 17 jan 2008 om 23.23

It Bruto Ynlânsk Produkt (ôfkoarte; BYP) is ien fan de manieren om de ekonomy fan in lân of regio te mjitten. It BYP beskiedet de merkwearde fan al it produsearre guod en tsjinsten yn in lân binnen in bepaalde tiid (ornaris ien jier).

It BYP kin sa berekkene wurde:
BYP = konsumpsje + ynvestearrings + (útjeften oerheid) + (eksport - ymport)

De ynternasjonale standert om it BYP te mjitten is omskreaun yn it boek System of National Accounts (1993), dat skreaun is fan fertsjinwurdigers fan it Ynternasjonale Monetêre Fûns, Jeropeeske Uny, Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikkeling, Feriene Naasjes en de Wrâld Bank. Ornaris wurdt der nei refearre mei SNA93, om net yn 'e tiis te reitsjen mei in foarige edysje fan 1968 (mei de namme SNA68).