Jannum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L strjitte
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ferskaat
Rigel 4:
==Skiednis==
=== Kleaster ===
Der wurdt tocht dat Jannum sûnt de [[13e ieu]] bewenne west hat. It [[kleaster Klaarkamp]] hie yn it doarp in protte yn 'e molke te krommeljen. Mar fanwegen de bêste grûn hienen ek oare pommeranten yn [[Dantumadiel]] grûn yn Jannum, dy't se djoer ferhierenferhiere koenen. Sa is Jannum, al lei it benoarden de [[Dokkumer Ie]], in part fan Dantumadiel wurden.
 
De pastoar waard troch Klaarkamp beneamd, mar yn Jannum wie gjin úthôf fan Klaarkamp. Nei de Reformaasje waard Jannum mei [[Burdaard]] kombinearre.
Rigel 12:
 
=== Ferwerderadiel ===
Jannum wie sa in part fan Dantumadiel, mar waard oer lân hielendal troch Ferwerderadiel omsletten. De winkelju kamen út [[Reitsum]] en [[Ginnum]]. By de grinswiziging yn [[1984]] waard Jannum in part fan Ferwerderadiel. Om it doarp libben te hâlden waard dan ek oansluting fûn by de [[Flieterpen]]: [[Ginnum]], Jannum, [[Reitsum]] en [[Lichtaard]]. Jannum hat fanwege de bysûndere bebouwing dan ek de status fan [[beskerme doarpsgesicht]] krige.
 
 
==De tsjerke==
[[Ofbyld:Jannum_tsjerke.jpg|left]]De romaanskgoatyske tsjerke fan Jannum is om 1300 hinne boud, mar it âldste part, it koar, is fan likernôch 1200. De tsjerke bestie út twa parten. It iene part wie foar de lekenbroderslikebruorren fan it kleaster en it oare part fan de geastliken. Yn de twadde helte fan de 16e ieu is it nedige feroare.
<br clear=both>
===Restauraasje ===
De tsjerke rekke sûnt dy tiid hieltyd mear ferwaarloaze. Dêrom waard der tusken 1942 en 1944 in restauraasje útfierd ûnder lieding fan de arsjitekt [[J.J.M. Vegter]]. Dit wie ek om boufakkers út Dútslân te hâlden.
De wichtichste feroaring dy't Vegter oanbrocht hat, wie it oanbringen fan in hingjende klokkestoel oan de westkant. Hjir hinget no de klok út 1489. Fierders hat er besocht de tsjerke wer werom te bringen nei de MidsieuwskeMidsieuske foarm.
 
=== Museum ===
Doe't de restauraasje klear wie moast de tsjerke in bestimming hawwe. Dy kaam yn 1947 doe't it [[Frysk Museum]] dêr in úthôf stifte. Jannum krige sa syn tsjerkemuseum. Dit waard de op ien nei grutste kolleksje fan sarkofagen, deksels en stiennen kisten. De âldsten stamme út de 12ste[[12e ieu]]. Ek oare tsjerklike stikken út de kolleksje hawwe yn Jannum in plak krige.
 
Letter hat it Fries Museum de úthoven ôfstjitten. Yn Ferwerderadiel waard doe de [[Stifting Monuminten Ferwerdadiel]] oprjochte. Dizze hat tsjerke en museum ûnder syn hoede nommen. De tsjerke dy't altyd noch eigendom wie fan Herfoarme Gemeente Burdaard/Jannum, is ek oan de stichting ferkocht. De Stichting is no dwaande mei de foarberieding fan de needsakelikeneedsaaklike restauraasje.
==Mienskip==
De eardere gereformeerde tsjerke yn Reitsum is Doarpshûs foar de fjouwer doarpen fan Flieterpen. It nijsbled ferskynt 11 kear yn't jier.
==Befolking:==
*[[1954]] - 74
*[[1959]] - 72
*[[1964]] - 55
*[[1969]] - 66
*[[1974]] - 54
*[[2004]] - 65
 
=== Diakonijwenten ===
By tsjerke steane trije diakonijwenten út de 17de[[17e ieu]]. Dizze binne no restaurearre en ynrjochte as fjouwer fakânsjewenten foar lju dy't de lannelikelanlike rêst sykje.
==Strjitten:==
Iedyk, Iewâl, Jannumerwei, Tsjerkestrjitte.
==Ferskaat==
 
Jannum leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht, de riders komme twa kear by it doarp tusken Dokkum en Bartlehiem del.
==Sjoch ek==
* [[Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân]]
==Keppeling om utens==
*[http://www.deflieterpen.nl/ Webstee de Flieterpen]
{{koördinaten|53_18_44_N_5_54_19_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 19' NB, 5° 54' EL}}
[[Kategory:Ferwerderadiel]]