Jorwert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
koordinaten taheakke
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl: ôfbyld fan J yn 1910 is net mei oerkomd
Rigel 6:
Doe't de tsjerke der sa by lei organisearren de ynwenners fan it de doarp in ynsammelsaksje, dêr't letter it [[Iepenloftspul Jorwert]] út ûntstien is. Dat wurdt noch elts jier yn [[augustus]] en [[septimber]] hâlden.
 
Oant [[1984]] wie it doarp Jorwert part fan de gemeente [[Baarderadiel]]. Sûnt [[1991]] hat it syn Fryske namme mei in -t op it ein as offisjele namme. It doarp waard om it jier 2000 hinne nasjonaal bekind troch in boek fan de skriuwer [[Geert Mak]], ''"Hoe God verdween uit Jorwerd"'' (''"Hoe't God út Jorwert ferdwûn"''). Mar ek J.J. Slauerhoff bestege tiid yn Jorwert by de domineesfamylje Hille Ris Lammers. Hy hie sterke gefoelens foar ien fan de dochters en dit komt ek yn syn wurk nei foaren. Ek de spylfilm Iris mei Monique van de Ven en Johhnny Kraaykamp sr. spilet him foar in diel ôf yn Jorwert.
 
[[Image:Kerk_Jorwerd_04c.JPG|thumb|250px|left|Tsjerke fan Jorwert]]
[[Image:Jorwerd.jpg|thumb|left|Jorwert om 1910 hinne]]
Jorwert hat in tsjerke, mei in romaansk middenskip, dy't foar in part út [[dowestien]] oplutsen is. It skip is ier [[12e ieu]]sk. By restauraasjewurk yn [[1951]] stoartte de toer yn inoar. Tanksij in aksje, wêroan no noch de tradysjonele [[iepenlftspul]]len yn de [[notaris]]tún te tankjen binne, koe de toer wer hiel gau werboud wurde. Dizze tige populêre spullen wurde opfierd yn de moannen augustus en septimber.
==Literatuer==
* {{Aut|[[Geert Mak]]}} - ''Hoe God verdween uit Jorwerd'' (1996)
* {{Aut|Ds. Van Gelder}} - "Nachtboek van een kerkuil"
==Strjitten==
[[Arsum]]erdyk, Battenserreed, De Him, De Krunen, [[Ewerwert]], [[Fûns]], Havenspaad, Hegedyk, [[Hesens]]erreed, It Noard, [[Jaanbuorren]], Lucht en Veld, Lucht en Veldsterdyk, Maliebaan, Master Fopmawei, Pastorijfinne, Redbadwei, Sije Hogerhuisstrjitte, [[Sluyterman]]wei.