Kwaden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Kwuaden feroare ta Kwaden: Sjoch oerlis
oeral Kwaden fan makke
Rigel 1:
De '''KwuadenKwaden''' (of Latyn ''Quadi'') wienen in nomadyske [[Germanen|Germaanske]] stam dy't yn de earste ieuwen nei Kristus rôverstochten holden troch it tsjintwurdige Súd-[[Dútslân]], West-[[Tsjechje]] en [[Eastenryk]]. Sy wienen in part fan it gruttere losse stamferbân fan de [[Sueben]], dêr't ek de [[Markomannen]] ta hearden. Tegearre lutsen sy in ferwoasten spoar troch de [[Balkan]].
 
Om [[150]] hinne slagget de [[Romeinske ryk|Romeinske]] keizer [[Antoninus Pius]] dêryn de KwuadenKwaden oan him te binen troch in kening oer harren te beneamen dy't loyaal wie oan Rome. Lykwols soe dy loyaliteit net lang duorje. Yn [[166]] foel in alliaansje fan KwuadenKwaden, Markomannen en [[Sarmaten]] it Romeinske Ryk yn. Dizze kriich - dy't bekend stiet as de [[Markomannenoarloch]] - wie in tige serieuze bedriging foar Rome dat keizer [[Markus Aurelius]] him nei it front ta sette om de legers oan te fieren.
 
De neikommende ieuwen bliuwe de KwuadenKwaden in oanhâldende boarne fan argewaasje foar de Romeinen en lutsen sy wol gauris de grinzen oer. Yn de rin fan [[4e ieu]] wienen der faak gefjochten tusken de Romeinske legers en in ferbûn fan KwuadenKwaden, Sarmaten en [[Goaten]]. Yn [[375]] koe keizer [[Falentinianus I]] harren lykwols foar fêst ferslaan. In grut part fan de KwuadenKwaden gong doe op yn it folk fan de [[Fandalen]] en soe letter mei ferfarre nei [[Galysje (Spanje)|Galysje]] op it Iberyske skiereilân. It oare part fan de KwuadenKwaden gong op yn it folk fan de [[Langobarden]]. Hjirmei kaam in ein oan de polityke, militêre en kulurele ienheid fan de KwuadenKwaden.
 
[[Kategory:Germaansk folk]]