Herre Halbertsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Kategory oanpast nei oerlis
kategogy oanpast
Rigel 1:
'''Herre Halbertsma''' ([[9 july]] [[1920]] - [[3 desimber]] [[1998]]), wie in Nederlânske [[histoarikus]], dy't foaral namme makke as [[argeolooch]].
 
Herre Halbertsma waard berne yn [[Snits (stêd)|Snits]] en brocht der syn jeugd troch. Yn [[1940]] studearre hy yn [[Grins (stêd)|Grins]] skiednis, mei [[âldheidskundige boaiemûndersyk]] as byfak. Hy wie in skoftsje meiwurker fan [[A.E. van Giffen]] en ûnder dy syn lieding die hy ûnderfining op yn it fjild. Nei syn stúdzje gong er yn [[1947]] wurkjen by de krekt dêrfoar oprjochte Rykstjinst foar it Aldheidskundich Boaiemûndersyk (ROB). Al gau wie Halbertsma belutsen by tsjerke restauraasjes, wêrby âldheidskundich boaiemûndersyk in wichtige oanfolling foarme op de bouskiednis. It binne foaral de ûntelbere tsjerke opgravings west dy't syn namme bekendheid joegen, mei as hichtepunt de St. Bonifatiustsjerke en St. Maartenstsjerke yn [[Dokkum]], de St. Vitustsjerke (of Aldehou) yn Ljouwert en de Lebuinustsjerke yn Zaltbommel.
Rigel 11:
 
 
[[Kategory:SkiedkundigeNederlânsk histoarikus|Halbertsma]]
[[Kategory:Snits]]