Fryske Frijheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
De '''Fryske frijheid''' wie de útsûnderingsposysje fan [[Fryslân]] yn it feodale Jeropa. Alle lannen dy't part west hienen fan it [[Karolingen|Karolingyske]] ryk, waarden bestjoerd troch in hear, lykas in [[greve]], dy't him, úteinlik, ferantwurdzje moast foar in kening. Allinnich de [[Friezen]] bestjoerden harsels, en de ienige hear dy't oer harren stie, wie de kening sels.
 
Oft dyselde situaasje ek gou foar de [[Romeinen yn Fryslân|Romeinske tiid]] is net dúdlik. Wol skriuwe de Romeinske boarnen al oer de Friezen as in folk dat yn minne omstannichheden libbet, mar de seinings fan it Romeinske ryk net wol, om't it dy betelje moat mei syn frijheid.
 
Oft dy frijheid in rjocht wie, of fuortkaam út omstannichheden sa min dat gjin hear der belang by hie, is ek net wis. Der hat al sprake west fan in [[Karelsprivileezje]] dat dizze frijheid fêstlein hawwe soe, mar der wurdt no oannaam dat dat, as it bestien hat, in falsifikaasje west hat.