Legemar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wat oer de skiednis, koo
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
heidefjild
Rigel 12:
}}
[[Ofbyld:Klokkenstoel Legemeer 05w.JPG|thumb|right|300px|Klokkestoel]]
'''Legemar''' is in doarp yn de gemeente [[Skarsterlân]], noardwest fan [[Sint Nyk]]. It doarp hat likernôch 50 ynwenners (2004). It is net folle mear as in boerestreek yn de lijte fan de bosken by [[Sint Nyk]].

Legemar leit eins heger as it gebiet der omhinne. Yn 1543 hiet it doarp ek Nijemar, al wurdt it ek wolris 'Maris' neamd. Súdeast fan it doarp wie yn de [[19e ieu]] noch in heidefjild. Fan de tsjerke is neat mear oer, der stiet noch wol ien fan de [[Klokkestuollen yn Fryslân]]. Wierskynlik binne de ynwenners letter fan it legere gedielte lykas by de Teroelster Sipen nei in heger gebiet ferhuze mar is de namme bestean bleaun. Earder foel Hústerheide ek ûnder Legemar. Oant [[1951]] waarden de tsjerkefouden troch de 'floreenplichtige' keazen troch de grûnbesitters.
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] van 1 jannewaris [[1984]] wie Legemar part fan de eardere gemeente [[Doanjewerstâl]].