Ferskil tusken ferzjes fan "Fryske Frijheid"

Troch myn tafoeging moast ik de ynlieding wat herskriuwe
(wat útwreide oer de oarsprong, fan nl)
(Troch myn tafoeging moast ik de ynlieding wat herskriuwe)
[[Image:Friesische Seelande um 1300.png|thumb|300px|De Fryske seelânnen.]]
De '''Fryske frijheid''' wie de útsûnderingsposysje fan [[Fryslân]] yn it feodale Jeropa. Dizze frijheid ûntwikkele harren op it ein fan de [[11e ieu]]. Alle lannen dy't part west hienen fan it [[Karolingen|Karolingyske]] ryk, waarden bestjoerd troch in hear, lykas in [[greve]], dy't him, úteinlik, ferantwurdzje moast foar in kening. AllinnichMar by de [[Friezen]] wie dat net langer mear de regel. Sy bestjoerden harsels, en de ienige hear dy't oer harren stie, wie de kening sels. As wichtigste oarsaak foar it ûntstean fan dizze frijheid wurdt wol sjoen de frijmoedigens tsjinoer harren lanshearen dat harren stadichoan ûntwikkele op it ein fan de [[11e ieu]] as gefolch fan de hieltyd werom kearende twisten oer de greeflike rjochten.
 
Oft dyselde situaasje ek gou foar de [[Romeinen yn Fryslân|Romeinske tiid]] is net dúdlik. Wol skriuwe de Romeinske boarnen al oer de Friezen as in folk dat yn minne omstannichheden libbet, mar de seinings fan it Romeinske ryk net wol, om't it dy betelje moat mei syn frijheid.
19.956

bewurkings