Ferskil tusken ferzjes fan "Sjamanisme"

4 bytes grutter ,  13 jier lyn
(fan commons)
(→‎Metoaden en eftergrûnen: ynterne ferwizing)
Behalven de middels rinne ek de sjamanistyske metoaden en de eftergrûnen dêrfan wiid útinoar. Sa binne neffens de Yanomami sykte en ûniennichheid it gefolch fan 'e aktiviteiten fan kweageasten, dy't mooglik stjoerd binne troch sjamanen fan oare stammen. De sjamanen fan 'e Yanomami genêze beide troch in miks fan genêskrêftige krûden, sjamanistyske dûnsen en it oplizzen fan hannen. Foar in grut part deselde metoaden wurde brûkt troch de ''ngaka'', de sjamanen fan 'e [[Súdlike Sotho]] fan [[Lesoto]]. Neffens harren is kwea in konstant gefaar, dat feroarsake wurdt troch ''boloi'', hekserij, en troch ''thkolosi'', boartlike kweageasten.
 
By de [[Boerjaten]] en oare Mongoalske folken omfetsje de haadtaken fan 'e sjamanen it genêzen fan sykten dy't fuortkomme út it omswalkjen fan 'e [[siel]] bûten it lichem, it nei de oare wrâld lieden fan 'e sielen fan 'e deaden en it ferdigenjen fan 'e mienskip tsjin kweageasten. De wichtichste sjamanistyske seremoanje is by de harren it [[Grutte Offer]], dat meastal op 'e trêde dei fan it nije [[moannejier]] holden wurdt en dêr't ferskate bisten by offere wurde oan 'e goaden.
 
By de Eskimo's binne de sjamanen ek holistyske genêzers, dy't sawol lichaamlike, geastlike, as spirituële symptomen behannelje en de jefte hawwe om 'e oarsaak fan sykte of tsjinslach yn 'e jacht te finen troch bemiddeling tusken minsken en geasten. Dêrta meitsje se gebrûk fan in skala oan behannelmetoaden, lykas útsûgen, ''quamaneq'' of fisualisaasje fan it skelet, en ''qilaneq'', in foarm fan wiersizzen op basis fan it gewicht fan in foarwerp yn 'e hân keppele oan it mûnlinge ûnderfreegjen fan 'e geasten.
19.975

bewurkings