Kimswert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw wat tekst ferskood en Grutte Pier der by setten.
L Stavering: Interieur -> Ynterieur
Rigel 2:
'''Kimswert''' is in doarp yn de gemeente [[Wûnseradiel]], besuden [[Harns]]. It doarp hat in beskerme doarpsgesicht en hat likernôch 600 ynwenners (2007). Under it doarp falle ek de buorskippen [[Dyksterbuorren]] en [[Kluerda]]. Wapen en flagge binne giel en blau en komme fan de kleuren fan de Heemstra's dy't east fan it doarp in state hiene. Yn it wapen stiet ek it grutte swurd fan Grutte Pier.
 
[[Ofbyld:Grotepier TN.JPG|thumb|Grutte Pier]]
Kimswert wie it doarp fan de ferneamde [[Grutte Pier]]. Hy moat om [[1480]] hinne berne wêze en waard frijheidsstrider fan Fryslân. Hy hat him benammen fersetten tsjin it gesach fan it keninkryk Saksen, de keizer en de Hollanders "fan oer de [[Sudersee]]". Der stiet yn Kimswert in byld fan him.
 
== Tsjerke ==
De [[Sint-Laurentiustsjerke]]) stiet op in terp. It âldste diel fan de tsjerke is fan likernôch [[1050]].
It romaanske dowestiennen skip is noch fan de [[11e ieu]]. It koer waard der yn de twadde helte fan de [[13e ieu]] by boud. Boppe de yngong fan de noardkant sit in yn reade sânstien útfierde [[timpaan]] (12e ieu of 13e ieu), makke fan in sarkofaachdeksel en fersierd mei in manljuskop mei útrinnersmotyf.
De tsjerke hat letter ferskate feroarings ûndergien, lykas de beklamping fan de súdgevel. De dowestiennen toer ferriisde yn de [[12e ieu]] en waard yn 1516 yn bakstien ferhege.
Yn de toer hinget in troch [[Geert van Wou]] jitten klok (1515).
It interieur wurdt dekt troch in houten tonferwulft.
InterieurYnterieur en ynventaris binne yn 1695 yn opdracht fan [[Tjaerd van Aylva]] yn let-maniëristyske styl fernijd. Hjirby hearre de betimmerings, de koarôfskieding, de preekstoel mei sniene bibelske tafrielen tusken tordearre kolommen, it doopstek, de tsjerkebanken mei snienen wangstikken en in ferdekte hearebank mei de wapens fan de famyljes Tijara en Heemstra.
Fierders hat de tsjerke in troch Jacob Lous byldhoude sark (1614) op it grêf fan de famylje Heemstra en in troch W. Hardorff boud oargel (1858).