Eufraat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 jan 2008 om 23.51

De Eufraat (Arabysk: الفرات, Al Foerat, Turksk: Fırat, Gryksk: Εὐφράτης) is de wichtichste rivier yn it Midden-Easten. De rivier is 2735 kilometer lang en har streamgebiet is 673.000 km² grut. Fanút de bergen yn Noardeast-Turkije streamt it fia Syrje nei Irak, dêr't it noardlik fan Basra tegearre komt mei de Tigris en as de Sjatt al-Arab ferfolgens troch in sompich gebied fia Abadan útrint yn de Perzyske Golf.

De Eufraat yn Irak

It lân tusken de Eufraat en de Tigris is tige fruchtber en wie de bakerkoer fan ferskate âlde beskavings lykas dy fan de Soemeriërs, de Babyloniërs en de Assyriërs.