Greefskip Hollân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
lytse oanfolling oer it untstean
ik haw it wat herskreaun
Rigel 2:
It '''greefskip Hollân''' wie in [[greve|greefskip]], wêrfan de grinzen likernôch oerienkomme mei de tsjintwurdige provinsjes [[Noard-Hollân|Noard-]] en [[Súd-Hollân]] sûnder de [[Súd-Hollânske eilannen]] mar mei de eilannen [[Skylge]], [[Flylân]], [[Urk]] en [[Skoklân]], dy't lykwols letter oerhevele binne nei oare provinsjes.
 
==UntsteanSkiednis==
=== Karolingyske tiid ===
It ûntstean fan it greefskip leit om [[900]] hinne, doe't it ûnder hearskippij fan de greve [[Gerolf]] ûntstie út de [[goa]]en [[Teksla]], [[Kinmerlân]] [[Rynlân]] en [[Masalân]]. Oarspronklik waard it gebiet dêr't dizze greefskippen yn leinen ''[[Fresia]]'' (Fryslân) of ''West-Fresia'' neamd, nei it eardere [[Fryske Ryk]] dat oant healwei de [[8e ieu]] bestien hat. Sûnt de [[12e ieu]] soe stadichoan de beneaming ''Hollân'' yn swang rekke en brûkt wurde foar it hiele greeflik gebiet besuden Kinmerlân.
It [[Frankyske ryk]] wie ûnder de [[Karolingers]] ûnderferdield yn [[Goa]]ën, dy't yn it [[Latyn]]sk ek wol [[Pagus (Romeinsk)|pagus]] neamd waarden. Guon fan dizze pagi waarden ''comitatus'' neamd, alhoewol't dat ek wol barde foar ôfsunderlike goaën. San gebiet waard troch in ''comes'' bestjoerd, in [[goagreve]] dy't troch de kening beneamd waard en troch him ek wer ôfsetten wurde koe. Dêrom stribje dizze lienmanlju nei erflikens fan harren funksje, wat stadichoan ek de regel waard en yn [[877]] legalisearre waard troch de [[Kapitulare fan Kwierzy]]. De macht fan de kening naam hjirtroch grif ôf en dy fan de greven ta.
 
Op it ein fan it bewâld fan de Frankyske kening [[Lodewyk de Fromme]] wie de keninklike macht troch oanhâldende ynfallen fan de [[Wytsingen]] en tsiere fan Lodewyk mei syn soans ferswakke. Nei de dea fan Lodewyk beliende syn soan [[Lotarius I]] de Deenske bruorren [[Rorik]] en [[Harald]] mei ''[[Fresia]]'' yn in poging de oanfallen fan de Wytsingen tsjin te hâlden. Dêrtroch naam de macht fan de goagreven fierder ôf. Sy moasten gearwurkje mei de Denen, mar yn [[885]] kaam der alwer in ein oan de Deenske oerhearsking troch de moard op [[Godfried de Wytsing]], wêr [[Gerolf]], ''comes Fresonum'', de hân yn hie. As beleanning krige hy op [[4 augustus]] [[889]] grutte besittings yn lien tawezen troch Eastfrankyske kening [[Arnulf fan Karintië|Arnulf]] en ek krige hy goederen yn fol eigendom. It gong om in gebiet bûten syn eigen greefskip [[Teisterbant]], dat bestie út in oantal boerepleatsen en húzen yn únder oare [[Tiel]], [[Aalburg]] en [[Asch]]. Dêrnjonken gong it om in gebiet yn syn eigen greefskip dat bestie út in bosk en boulân, lein tusken de mûning fan de âlde [[Ryn]] en (nei alle gedachten) [[Bennebroek]], ''Suithardeshaga''.
==Nammejouwing==
 
Yn [[985]] joech kening [[Otto III fan it Hillige Roomske Ryk|Otto III]], op fersyk fan syn mem [[Theophanu]] in oantal gebieden yn eigendom (''proprium'') oan greve [[Dirk II fan Hollân|Dirk II]] dy't hy earder yn lien (''beneficium'') krigen hie. Dit wie it gebiet tusken de rivieren ''Liora'' (Lier) en ''Hisla'' ([[Hollânske IJssel]]) - [[Masalân]] -, ''[[Zonnemaire|villa Sunnimeri]]'', it gebiet tusken de rivieren ''Medemelaka'' en ''Chinnelosara gemerchi'' - [[Kinmerlân]] - en [[Teksla]].
 
===Nammejouwing===
It greefskip Hollân krige syn namme fan de eartiidske greve [[Durk V fan Hollân|Durk V]] doe't hy syn gebiet Hollân neamen gie en it brûken fan de namme Fryslân stadichoan ophâlde. Neffens de oarkonden wie dat yn it jier [[1076]]. Nei alle gedachten wie der in nije namme nedich omdat it gebiet ûnder ynfloed fan grutte natuerrampen, lykas de [[wettersneed|wettersneden]] en de foarfêste foarming fan de Sudersee, stadichoan net mear in geografyske ienheid foarme mei de tsjintwurdige provinsje [[Fryslân]].