56.999
bewurkings
(→Metoaden en eftergrûnen: ynterne ferwizing) |
(st) |
||
[[Ofbyld:SB - Altay shaman with gong.jpg|right|thumb|250px|Foto fan Altay Sjaman]]
Mei '''sjamanisme''' wurde alle
== Fersprieding ==
Sjamanisme komt yn 'e hiele wrâld foar by folken dy't [[natoerreligys]] oanhingje, yn 'e [[Amearika]]'s, [[Afrika]] besuden de [[Sahara]], [[Súd-Aazje|Súd-]], [[East-Aazje|East-]] en [[Súdeast-Aazje]] en [[Oseaanje]], It is lykwols it meast fiergeand ûntwikkele en ek it bêst bekend en beskreaun by folken yn [[Sibearje]], [[Sintraal-Aazje]] en it [[Arktysk gebiet]]. It wurd "sjamaan" is dan ek fan [[Toengoesk]]e oarsprong. Iroanyskernôch komme hjoed de dei echte, kundige sjamanen by de Sibearyske folken hast net mear foar, in beërf fan 'e minachting fan 'e [[kommunisme|kommunisten]] foar wat se as religy of byleauwe seagen. It kompleks fan leauwensoertsjûgings om 'e persoan fan 'e sjamaan hinne bestiet lykwols noch wol fuort.
It lân dêr't it sjamanisme tsjintwurdich it measte foarkomt en dêr't it it minste mei oare godstsjinsten fermingd rekke is, is [[Súd-Korea]]. Hoewol't it troch it moderne ûnderwiis min of mear stigmatisearre is as byleauwe, is it dêre oant hjoed de dei ien fan 'e aktyfste kulturele krêften bleaun. Neffens offisjele sifers binne der mear as 40.000 sjamanen, dy't yn it [[Koreaansk]] ''mudang'' neamd wurde, mar nimmen twifelt deroan dat it der eins folle mear wêze moatte; om't de measte sjamanen har net registrearje litte, wurdt der
== Oansjen ==
== Gûatamala ==
In oar gebiet dêr't it sjamanisme tsjin 'e ferdrukking yn stânholden hat, is noardlik [[Gûatamala]]. Trochdat allinne de strang-organisearre en
== Foarmen ==
=== Transendinte kommunikaasje ===
By transendinte kommunikaasje giet de sjamaan yn [[trâns]], al of net mei help fan hallusinogene middels, dat ien of mear geasten besit nimme kinne fan syn of har lichem en op dy manear streekrjocht mei de minsken kommunisearje kinne. Dizze foarm is fral bekend wurden troch syn foarkommen by in grut tal [[Sibearje|Sibearyske]] en Noardsineeske folken. By de [[Eskimo's]] ûnderhâldt de sjamaan, de ''angakuk'', de bannen mei de geastewrâld fia in geast fan in ferstoarne, in [[toornok]], dêr't er in goede relaasje mei hat.
== Middels ==
De ''noiade'', de sjamaan fan 'e [[Lappen]] fan noardlik [[Skandinaavje]], brûkt gjin hallusinogene stoffen, mar slacht ritmysk mei in rendierbonke op in seremoniële tromme oant er yn trâns rekket. Ek de [[Noard-Amearika|Noardamerikaanske]] folken fan it [[Grutte Bekken]] - de steat [[Nevada]] en omlizzende gebieten - brûkten gjin hallusinogene middels, foar't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde ieu it gebrûk fan peyote him út Meksiko wei nei it noarden fersprate. Boppenatoerlike boadskippen waarden by harren almeast oerbrocht yn ûnsochte, spontane dreamen.
By de Noardamerikaanske folken fan 'e flaktekultuer kamen hallusinogenen oarspronklik ek net foar. Yn stee dêrfan ûndergongen, en ûndergeane, sjamanen en oaren lichaamlike tramtaasjes om
== Metoaden en eftergrûnen ==
By de [[Boerjaten]] en oare Mongoalske folken omfetsje de haadtaken fan 'e sjamanen it genêzen fan sykten dy't fuortkomme út it omswalkjen fan 'e [[siel]] bûten it lichem, it nei de oare wrâld lieden fan 'e sielen fan 'e deaden en it ferdigenjen fan 'e mienskip tsjin kweageasten. De wichtichste sjamanistyske seremoanje is by de harren it [[Grutte Offer]], dat meastal op 'e trêde dei fan it nije [[moannejier]] holden wurdt en dêr't ferskate bisten by offere wurde oan 'e goaden.
By de Eskimo's binne de sjamanen ek holistyske genêzers, dy't sawol lichaamlike, geastlike, as spirituële symptomen behannelje en de jefte hawwe om 'e oarsaak fan sykte of tsjinslach yn 'e jacht te finen troch bemiddeling tusken minsken en geasten. Dêrta meitsje se gebrûk fan in skala oan behannelmetoaden, lykas
De sjamanen fan 'e [[Yoruba]], fan súdwestlik [[Nigearia]] en súdlik [[Benyn]], meitsje gebrûk fan in wiersismetoade dy't nei gedachten fan Arabyske oarsprong is en dêr't troch kombinaasjes fan sechstjin basistekens de orakelgod [[Ifa]] by frege wurdt om foarsizzings te dwaan. De Yoruba-sjamanen resitearje op basis fan 'e útkomst spreuken út harren tradysjonele repertwaar, mar biede fierders gjin ynterpretaasje. In oare wiersismetoade kaam ûnder mear foar op it prekristlike [[Tahity]] en [[Hawaiï]], dêr't de sjamanen de wil fan 'e goaden ôfliezen út it yngewant fan 'e offerjeften.
|
bewurkings