Kali Yuga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Kali Yuga''' (Sanskryt: कली युग, ''Kali Yuga'', letterlik: ''Tiidrek fan (de demon) Kali'', kin ek oerset wurde as it ''Tsjustere Tiidrek''), is neffens it [[hindoeïsm...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbyld Frânske wikipedy
Rigel 4:
 
Neffens de ''[[Surya Siddhanta]]'' sette Kali Yuga útein om midnacht op 23 jannewaris (neffens de [[Gregoriaanske kalinder]]) of 18 febrewaris (neffens de [[Juliaanske kalinder]]) yn it jier 3102 f.Kr. In soad hindoes tinke dat dat it momint wie dat [[Krishna]] út it lichem kroep.
[[Ofbyld:yugas.png|thumb|200px|right|De syklus fan ''yuga''.]]
 
Neffens in soad ynterpretaasjes fan hindoeteksten is de ierde op dit stuit yn in ''Kali Yuga'', wylst oaren fan betinken binne dat it minskdom degenerearret wilens de ''Kali Yuga''; it wurdt meast oantsjut as it ''Tsjustere Tiidrek'' omdat it minskdom dan it fierste fan God ôf stiet.
 
Wilens dy leechste fase binne de measte minsken har inkeld bewust fan de fysike aspekten fan it libben; de klam leit op de materiële oerlevering. De relaasje tusken minskdom en [[spiritualisme]] wurdt benammen beskieden fan byleauwe en bewâld.
 
Hindoes binne oer it ginneraalgeneraal fan betinken dat de etyk ferlykber is mei in bolle.
Wilens ''Satya Yuga'', it earste stadium fan ûntjouwing, hat de bolle fjouwer poaten, dêr't er by elts stadium ien fan ferliezetferliest. At er in nij tiidrek fan Kali begjint hat de bolle noch mar ien poat: etyk komt úteinlik del op it minskdom.
 
''Kali'' fan de namme ''Kali Yuga'' hat neat te krijen mei de godin ''[[Kálii]]''.