Fariseeërs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl, ik haw it wol wat ynkoarten\
 
No edit summary
Rigel 1:
De '''Fariseeërs''' (''ôfskiedenen, ûnderskieden, ûnderrjochten'') wienen in [[JodenJoadendom|Joadske]] [[godstsjinst|religieuze]] groep dy't om-ende-by [[200 f. Kr.]] ûntstien is. Sy binne mooglik de opfolgers gan de ''[[Sjasidym]]'' (=Frommen), dy't tidens de [[Makkabeeën|Makkabeeske]] opstân nei foaren kamen.
 
De Fariseeërs holden harren folslein oan de [[halacha|joadske wetjouwing]] lykas delskreaun stiet yn de [[Tora]]. Dêrnjonken holden sy harren oan de mûnlinge oerlevering (de [[Misjna]]). Harren leauwen komt der op del dat in from libben te libjen en krekte neifolging fan de Tora in minsk tichter by [[God]] bringe sil. De Fariseeërs seagen it as taak om oan de gewoane minsken harren kennis oer te dragen. Sy wienen foaral in groep dy't by it gewoane folk hearde en dêryn ferskilden sy mei [[Sadduseeën]], de party fan de [[Hegepryster]]s en [[oerpryster]]s. Likernôch bestie der ûnder de Fariseeërs ferskate rjochtingen, fan liberaal oant konservatyf.
 
Neidat it keningshûs fan de [[Hasmoneeën]] ek it [[Hegepryster|hegeprysterskip]] nei harren talutsen hienenen neidat sy harren hieltyd mear ynlitteynlitten hienen mei it [[hellenisme]], kearden de Fariseeërs harren tsjin de keningen. Under kening [[Aleksander Janneüs]] ([[104 f.Kr.|104]]-[[78 f.Kr.]]) liede dat ta heftige konfrontaasjes en ferfolging fan de Fariseeërs. De opfolchster fan Aleksander [[Salome Aleksandra]] (78-[[69 f.Kr.]]) begeunstige harren lykwols en joech harren sels in plak yn it [[Sanhedrin]]. Alhoewol't harren polityke macht nea grut west hat lykas dat fan [[Sadduseeën]], de party fan de elite, wienen de Fariseeërs benammen dyjingen dy't de de publike opiny beynfloede koenen.
 
De Fariseeërs hawwe in grutte rol spile by de [[Joadske Opstân]] ([[70]] na Kr.) tsjin it [[Romeinske ryk|Romeinske]] gesach. Sy koenen mei súkses de Romeinen in skoftlang út [[Jerusalem]] ferdriuwe. Ien fan harren lieders [[Flavius Josepus]], dy't finzen nommen waard troch de Romeinen, hat oer dizze skiednis in boek skreaun, dat ús in soad ynformaasje jout oer de Fariseeërs.
Rigel 16:
 
 
[[Kategory:JoadenJoadendom]]
 
[[ca:Fariseus]]