Taeke Schuilenga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
'''Taeke Schuilenga''' ([[29 oktober]] [[1878]], [[Surhústerfean]] - [[4 novimber]] [[1943]], [[Easterwâlde]]) wie in koekefabrikant en ynfloedryk ynwenner fan Surhústerfean, dy't slachtoffer waard fan de [[Aksje Sulverdin]].
 
Taeke Schuilenga wie it twadde bern en de twadde soan fan Djoerd Jans Schuilenga en Elizabeth Taekes Postma, yn in gesinhúshâlding mei trije jonkjes en trije famkes. Op [[21 maart]] [[1906]] boaske er mei Engeltje Hendriks Bos. Hja krigen tsien bêrnbern, Elisabeth, TrijntjeTryntsje, Djoerd, PieterPiter, Janke, Jan, Harm Egbert, Edziena, Aaltje, en Etje. Taeke waard bakker en waard yn rin fan tiid direkteur-eigner fan it bak- en koekefabryk ''De Bijenkorf''. Hy wie ek mei-oprjochter fan de ''Spaar en Voorschotbank'' en wie fierder ek drok foar it doarp.
 
Yn 1930 ferstoar syn âldste dochter Elisabeth. Krekt foar de oarloch, op 11 april 1940 ferstoar Taeke syn frou. Yn [[1941]] waarden de Schuilenga's fêstnaam foar harren ûndergrûns wurk. Taeke waard lykwols op boarchtocht frijlitten om't syn wurk yn de itensfoarsjenning lei.