Gerkeskleaster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L fan nl en de webstee fan Gerkeskleaster
stavering
Rigel 4:
Tegearre mei [[Strobos]] foarmet Gerkeskleaster it twjillingdoarp [[Gerkeskleaster-Strobos]]. Tegearre ha se 1775 ynwenners (2007).
 
De doarpen lizze yn in [[klaai]]gebiet, dat it typyske karakter fan De Wâlden mist; hjir gjin dykswâlen, mar in iepen lânskip. De doarpen foarmje ien geheel. Oant [[1993]] waard it doarp Strobos trochsnien troch de grins mei de Grinslanner gemeente [[Grootegast]], dy't tagelyk ek de grins mei de provinsje [[Grinslân]] foarme. Omdat dit allerhande praktyske beswierren joech, is it Grinslanner diel fan Strobos nei Achtkarspelen oergegienoergien. De lizzing oan it [[Prinses Margrietkanaal]]/[[Van Starkenborghkanaal]] is al hiel lang fan grut belang foar dizze doaarpendoarpen. De yndustry krige dêrfoar al gau in kâns, en der sitte dan ek in pear grutte bedriuwen.
 
==Skiednis==
Yn it earstoan lei hjir de delsetting ''Wigerathorp''. De grutgrûnbesitter Gercke Harkema út [[Twizel]] liet der yn [[1240]] troch muontsen út it kleaster [[Klaarkamp]] in [[kleaster]] stiftsje, ''Jeruzalem'' neamd, dat yn [[1249]] yn de [[Cisterciënzers|Sistersjenzer kleasterordekleasteroarder]] opnomd waard. Der waard teffens in tsjerke stiften, wêrtroch't de delsetting ien fan de acht [[kerspel]]s (tsjerkedoarpen) waard. Yn de praktyk waard it kleaster ''Gerckes' kleaster'' neamd. Dy namme gie oer op de delsetting. De nôtmole fan dat kleaster hat der wierskynlik oant a580[[580]] stien.
 
Yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] soe yn [[1571]] de klok út de tsjerketoer stellen wêze ferkocht. Oare boarnen sizze dat de klok yn [[1503]] troch de wettergeuzen fuortrôve waard. Yn elts gefal hinget de klok no yn de tsjerke fan de [[Denemark|Deenske]] plak [[Gadstrup]] (op [[Seeland]]). Doe't Fryslân oergie op it [[protestantisme]] waard it kleaster yn [[1580]] ôfbrutsen. Allinnich de [[brouwerij]] fan it kleaster bleau stean. Dizze waard op [[7 augustus]] [[1629]] as tsjerke yn gebrûk nommen. De tsjerke waard yn [[1786]] fergrutte en ferhege, en waard yn [[1974]]-[[1975]] opnij ferboud. Yn [[1926]] waard ek in gereformearde tsjerke boud.
 
Fan [[1913]] oant [[1991]] wie yn Gerkeskleaster in [[steenfabrykstienfabryk]]. De [[molkfabryk]], dy't om [[1900]] boud waard, is tsjintwurdich in ûnderdiel fan it suvelkonsern [[Friesland Foods]].
==Mienskip==
It doarpshûs hjit "Rehobot" en de doarpskrante. Der is in feriening foar Pleatslik Belang en in Stifting Doarps Aktiviteiten. It doarp hat ien skoalle, "De Claercamp".