Oerterp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wat ferbetterinkjes
Rigel 13:
'''Oerterp''' is in doarp yn de gemeente [[Opsterlân]], east fan [[Drachten]]. It doarp hat likernôch 4.801 ynwenners (2005). Nei [[De Gordyk]] is it hjirmei it twadde doarp fan de gemeente [[Opsterlân]].
 
Der wenje in soad forinsenforinzen, dit komt troch de geunstige lizzing ten opsichte fan [[Drachten]] (6 km) en it [[Knooppunt Oereterpfallaat]] fan de [[Rykswei 7|A7]] fan [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] nei [[Grins]] en de [[Rykswei 31|N31]] fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] nei [[Emmen]]. De middenstân wreidet him stadichoan út trochdat der in soad nijbou. Der binne wol trije basisskoallen: in iepenbiere, in algemien kristlike en in gereformeard frijmakke.
 
== Skiednis ==
 
Oerterp is in wei- of [[streekdoarp]] tegearre mei [[Selmien]] oan de westside en [[SigerswâldeSigerswâld]] oan de eastkant. Yn tsjinstelling mei oare weidoarpen as yn [[Grinslân]] of [[Drinte]] is it lykwols net troch feanterij ûntsstien. De langhalige foarm is in gefolch fan de lizzing op de deksânrêch tusken de oarspronklike [[Drait]] (wêr't no de Feart leit) en [[De Boarn]], ek wol [[Keningsdjip]] neamd. De earste bewenning wie op dizze sânrêch en moat grif al in tûzen jier âld wêze, al wennen der net in soad minsken. As middel fan bestean wie men oanwiisd op de ienfâldige lânbou en feetylt. De namme Oerterp (Urathorp, mei oer = boppe) wurdt ferklearre mei dy fan Olterterp (Utrathorp mei uter = bûten) út de lizzing ten opsichte fan de Boarn: Oerterp boppenstreams en Olterterp wat leger. Terp betsjut hjir dus doarp.
 
De langhalige bebouwing hie te krijen mei de kavelferdieling fan noard nei súd. Alle grûn wie eigendom fan de kleasters. De opset fan de ferdieling wie dat elke "boer" likense kânsen krige: in diel fan it [[heechfean]], in diel fan yn kultuer brochte (of noch yn kultuer te bringen) grûn en in útgong fia de heidegebieten nei [[greide]]n oan it [[Alddjip]]. Mear as hûndert jier letter ûnstie yn it heechfeangebiet noard fan it doarp bewenning troch it graven fan de feart fanút [[Drachten]] troch de feanôfgraving. Sa kaam yn dit gebiet in nij diel fan Oerterp ta stân dat rom in jier letter al mear ynwenners, (yn it earstoan benammen feanarbeiders, skippers en handelers), telde as de âlde boerestreek faan it doarp.
 
Under archeologen hat Oerterp bekendheid trochdat hjir yn 1943 by de [[PrinsendobbePrinsedobbe]] oan de MûnleaneMûneleane oerbliuwsels fûn binne fan rindierjagers út'e ein fan de âlde [[stientiid]], ± 10.000 oant 9800 foar Kristus, en dus flak nei de lêste [[iistiid]]. Op in gebiet fan 85 fjouwerkante meter op de ringwâl fan de dobbe waarden 5408 fjoerstiennen foarwerpen fûn, wêrfan 1360 stikken ark lykas krombekstekkers en fierders ôfslaggen en kearnstikken. It klimaat moat hjir doe west hawwe lykas yn [[Laplân]] en Noard-[[Sibearje]] no. De minsken dy't hjir omswalken wienen oanwiisd op wat hetit lânskip harren te bieden hie: allinnich de hege sânrêgen tusken de rivierkes wienen begeanbear. Men nimt oan dat it hjir om simmerkampen giet. Omdat fergelykbere oerbliuwsels fûn binne by [[Hamburch]] stiet dizze kultuer bekend as de Hamburchkultuer. Ek by [[Havelte]] waarden der resten fan fûn.
 
== Eveneminten ==
Elke 2 jier wurdt der in doarpsfeest hâlden. Dit bart op de ûneven jiertallen, lykas [[2007]] & [[2009]]. Der is dan in [[merke]], in grutte feesttinte en in soad aktiviteiten troch de eigen bewenners. It feaastfeest duorret fjouwer dagen. Fierders binne der ferskate optredens fan de majorettes en [[fanfare]]. Op de langste dei wurdt de haadwei ôfsluten en is dêr in grutte merk mei in soad aktiviteiten, organisearre troch de Sportclubs yn Oerterp. Fierders hat Oerterp noch in iisbaan, 2twa grutte boarterstunen, in [[skatebaan]], in sportsintrum ([[MFC De Wier]]), in jongereinsoas en in aktiviteitensintrum yn De Wier. It doarp bestiet trouwens út in oantal buertferienings dy't ek aktiviteiten organisearje. Elk jier is der ekboppedat in grut konsert fan ferskate rock-artysten: [[Oerrock]].
 
==Bouwurken==