Poppenwier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "208.20.123.28" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Swarte Kees".
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ferienings en skiednis
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Boarnsterhim Poppenwier.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Poppenwier]]
'''Poppenwier''' is in doarp yn de gemeente [[Boarnsterhim]], west fantusken [[Jirnsum]] en [[Dearsum]] oan de [[Snitser Aldfeaart]]. It doarp hat likernôch 190 ynwenners (2004). Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]] makke Poppenwier diel út fan de eardere gemeente [[Raarderhim]], neamd nei ien fan de Himpolders. De namme Poppenwier komt út de [[14e ieu]] fan de manljusnamme Poppe, mei wier yn de betsjutting fan terp.
 
Yn 1989 waard de offisjele namme Poppingawier troch de gemeente Boarnsterhim feroare yn Poppenwier.
 
Poppenwier hat twa tsjerken, de doopsgesinde en de [[Nederlânsk herfoarme tsjerke]]. De grifformearde tsjerke wurdt no as aula brûkt, en foar eksposysjes en sjonggroepen.
==Skiednis==
It doarp moat al hiel âld wêze. Der binne potskerven fûn út de [[1e ieu]] oant de [[10e ieu]]. Yn 1478 waard even benoarden Poppenwier it kleaster [[Ingwert]] stifte, in kleaster fan de grauwe beginen.
 
==Mienskip==
De bern gean meast nei de skoalle fan [[Tersoal]] en [[Raerd]]. De befolking fan it doarp bestiet foar in grut part út "immigranten". Nei de sluting fan it doarpshûs anneks kafee ''De Herberch'' hat de doarpsmienskip it nije doarpshûs ''De Trilker'' boud, it hert fan it kulturele en sosjale libben. Der is in feriening foar Pleatslik Belang, de Merkekommisje is foar de feesten. De stifting Pop'nPop organisearret oan it lân oan de Marsherne in muzikaal túnfeest. Yn it doarpshûs sit ek jeugdsoas Catweazle. Der binne de lêste jierren in tal festiviteiten mei [[pream]]men, sa is der in wedstryd tusken preammen fan doarpen yn de Legeaën.
===Ferienings===
* Foarút - toaniel
* Auke Roukes - koar
* biljertferiening
* Tryntsje Piters - iisklub
* TTV - toulûken
* Raerderhimruters - ponyklub
* Kubus - folleybal
* frouljusferiening
* jeugdfûgelwacht
* dartklub
Foarhinne wie der ek in tafeltennis en jeugdbiljertferiening. Ek wie der eartiids it "[[Poppenwierster kuorbal]]".
==Befolking==
*[[1954]] - 279
*[[1959]] - 238
*[[1964]] - 226
*[[1969]] - 184
*[[1974]] - 173
*[[1999]] - 182
*[[2004]] - 184
 
== Sjoch ek ==
* [[Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân]]
* [[Fryske doarpen]].
 
==Strjitten==
Binnenbuorren, Bûtenbuorren, Bûtlânswei, Fiskerssteech, [[Harsta]]wei, [[Ingwert]], Marsherne, Pôle, Skoalsteech.
==Keppeling om utens==
*[http://www.poppenwier.com/ Webstee Poppenwier]
 
{{Koördinaten|53_5_4_N_5_44_50_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 5' NB, 5° 45' EL}}
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].
{{Stobbe}}
[[Kategory:Boarnsterhim]]