Ferskil tusken ferzjes fan "Seisbierrum"

3.022 bytes grutter ,  13 jier lyn
fan nl: en de webstee fan S.
L (strjitten)
(fan nl: en de webstee fan S.)
[[Ofbyld:Map NL Frjentsjerteradiel Seisbierrum.png|thumb|300px|right|De [[himrik]] fan Seisbierrum.]]
'''Seisbierrum''' is in doarp yn de gemeente [[Frjentsjerteradiel]], noardwest fan [[Frjentsjer]]. It doarp hat 1.748 ynwenners (31  desimber 2003).Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]] makke Seisbierrum diel út fan de gemeente [[Barradiel]]. De lêste jierren is der in soad kastúnbou om it doarp.
 
Seisbierrum leit op ûngefear acht kilometer noardeast fan de stêd [[Harns (stêd)|Harns]] en ûngefear sân km. noardwest fan de stêd [[Frjentsjer]]. It doarp leit alom samar te sizzen op de top fan de trijehoek Seisbiererum-Harns-Frjentsjer.
 
Dy trijehoeksfoarm komt ek werom yn de sûnt [[1987]] yn Seisbierrum steande piramide fan [[Aeolus (mythology)|Aeolus]] (god fan de wyn). Aeolus is destiids boud as wyn-attraksje park en besikerssintrum fanwege it nije wynmole eksperiminteel park tichtby Seisbirrum (en eigentlik lizzend op lân by [[Easterbierrum]]).
 
Seisbierrum waard yn it ferline ek wol neamd: ''Sixtabarra'' en ''Sixtusburen'', nei de hillige Sixtus. De [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke]] fan Seisbierrum is noch altyd wijd oan de [[Paus Sikstus II|Hellige Sikstus]] en bestiet sûn de [[12e ieu]]. Dit waard folksetymologysk werynterpretearre as ''sekx'', [[Aldfrysk]] foar ''seis''; de Nederlânske namme is dan is dan ek itselde as Aldfryske. Ut dizze letmidsieuske foarm ûntstie de moderne Fryske namme ''Seisbierrum'' . Iy doarp wurdt yn geskriften om it jier [[600]] al neamd.
 
Seisbierrum foarmet mei [[Pitersbierrum]] tegearre in soarte dûbeldoarp, trochdat beide doarpen de lêste 60 jier oan inoar groeid binne en fierder mei inoarferweve binne. Doe't it [[gemeentehûs]] yn it dûbel-doarp kaam is ek fuortendaliks de skiedsline tusken beide doarpen in lytse hûndert meter opskood om der foaral foar te soargjen dat it gemeentehûs yn Seisbierrum kaam te stean.
 
Sûnt de gemeentlike weryndieling fan [[1984]] is dat net mear in heikel punt, want doe waard Seisbierrum ynlive by de gemeente [[Frjentsjerteradiel]]. De skiedsline tusken Seisbierrum en Pitersbierrum is dêrby wer op it âlde plak komd te lizzen en is de diskusje dus dien.
 
==Mienskip==
Tegearre hawwe de doarpen ûngefear 1900 ynwenners yn ûngefear 660 huzen (ynklusyf it bûtengebiet) in soad dingen tegearre. It doarp hat in bibleteek en 2 basisskoallen, "De Barraboech" en "De Skeakel". Der is ien feriening foar Doarpsbelang en ien doarpshûs“ [[It Waad]]. Tsien kear yn't jier ferskynt harren doarpsblêd Silhûet.
===Ferienings===
* Mir - soas
* Koka - judo
* AVC Seisbierrum - fuotbal
===Berne yn Seisbierrum===
* [[Tjerk Hiddes de Vries]], Frysk [[admiraal]] en [[seeheld]] út de [[17e ieu]]
* [[Eelko Liauckama (abt)|Eelko Liauckama]], [[geastlike]]
* [[Eelko Liauckama (krúsfarder)|Eelko Liauckama]], [[krúsfarder]]
* [[Jetske Bilker]], skriuwster
 
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]] makke Seisbierrum diel út fan de gemeente [[Barradiel]].
==Strjitten==
Achterom, Adelenstrjitte, Alde Buorre, Buorfinneleane, De Finne, De Kampen, De Tsjerke-ekers, [[Dûker]]strjitte, Fliet, [[Frjentsjer]]terdyk, Frjentsjerterein, [[Getswerdersyl]], Hearewei, Hoarnestreek, Hottingabur, Jan Baron van Echtenstrjitte, [[Juckema]]leane, Kade, [[Latsma]]leane, [[Liauckama]]leane, Molepaad, Nije Buorren, Ottemaleane, Pastorijbuorren, Pastorijreed, [[Rients Westra]]strjitte, SixtusweiSikstuswei, Skoalstrjitte, [[Slachte]], Spoardyk, Stasjonswei, Terp, Terppaad, [[Tsjerk Hiddes de Vries|Tsjerk Hiddes]]strjitte, Tsjerkebuorren, Tsjerkepaad, [[Van Haersolte]]strjitte, [[W Kroese]]strjitte, [[Walburga]]strjitte, Waltaleane.
==Ferskaat==
Tusken [[1903]] en [[1935]] hie Seisbierrum in stasjon oan it spoar [[Stiens]] - Harns.
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].
 
{{stobbe}}
==Keppeling om utens==
* [http://www.sexbierum.net Seisbierrum op it ynternet]
* [http://www.concordia-sexbierum.nl Drumfanfare Concordia Seisbierrum]
* [http://www.pkngemeentensexbierumpietersbierum.nl/ Protestantske gemeente]
* [http://www.friesland-digitaal.eu/Franekeradeel/Sexbierum/Sexbierum.html Oer de Skiednis]
 
{{koördinaten|53_13_6_N_5_29_4_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 13' NB, 5° 29' EL}}
 
[[Kategory:Frjentsjerteradiel]]
[[Kategory:Barradiel]]
56.981

bewurkings