Marten Klasema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dit is in earste oanset
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Ik ha der wat mear wikipedystyl fan makke en de kategory taheakke
Rigel 1:
'''Marten Klasema''' is berne op [[12 meimaaie]] [[1912]] yn [[Drachten]]. Nei de HBS yn syn berteplak gie er nei [[Delft]] om dêr oan de [[Technische Hogeschool]] wetterbou te studearjen. Nei syn stúdzje kaam er yn [[1937]] yn tsjinst by it 'waterloopkundig laboratorium' yn [[Delft]]. In jier letter kaam er yn tsjinst by de ôfdieling dikenbou fan de [[Suderseewurken]]. Fia haad fan de ôfdieling dikenbou (1956), haadyngenieur-direkteur, haad fan de ôfdieling [[Ynrjochting Iselmarpolders]], waard er yn [[1967]] beneamd ta haad fan de tsjinst Suderseewurken. Marten Klasema is ferstoarn op [[1 novimber]] [[1974]] yn [[Den Haach]]. Hy waard begroeven yn Drachten. Foar syn grutte fertsjinsten yn binnen- en bûtenlân waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en kommandeur yn de Oarder fan de Liuw fan Finlân.
 
== Sport ==
Klasema wie in echte sportman. Yn syn berteplak spile er yn it alvetal fan de fuotbalklub 'Drachten', yn syn studentetiid makke er diel út fan it alvetal fan 'Concordia' yn Delft. Foar de [[Olympyske Spullen]] fan 1936 yn [[Berlyn]] waard er opnommen yn de seleksjeploech [[atletyk]]. Marten Klasema ried de [[Alvestêdetocht]] fjouwer kear.
 
[[Kategory:Drachten]]
[[Kategory:Technyk]]