Eastgermaanske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
keppeling
Rigel 1:
De '''Eastgermaanske talen''' foarmje in útstoarne taalkloft fan 'e [[Germaanske talen| Germaanske taalfamylje]], dy't bestie út mear as tsien talen en syn oarsprong fûn yn súdlik [[Skandinaavje]], noardlik [[Dútslân]] of mooglik op it eilân [[Gotlân]] yn 'e [[Eastsee]]. De iennichste Eastgermaanske taal dêr't in protte oer bekend is, wie it [[Goatysk]], dat oerlevere is fan 'e fjirde ieu ôf, ûnder mear yn 'e Bibeloersetting troch biskop [[Wulfila]] (of Ulfilas). Oare Eastgermaanske talen wienen [[Fandaalsk]], [[Boergondysk]], [[Gepidysk]], [[Bastarnysk]], [[Skirysk]], [[Rugysk]] en [[Herulysk]]. De lêste noch libbene taal fan dizze groep wie it [[Krimgoatysk]], dat mooglik oant yn 'e achttjinde ieu noch op it skiereilân de [[Krim]], yn it suden fan 'e [[Oekraïne]], sprutsen waard.
 
De Eastgermaanske talen ûntstienen doe't de Eastgermaanske folken yn 'e [[1e ieu]] nei Kristus út harren stamlannen weiteagen en sa de ienheid fan 'e [[Oergermaansk|Germaanske oertaal]] ferbrutsen. De [[Eastgermanen]] fêstigen harren dêrnei earst oan 'e rivier de [[Weichsel]], yn it tsjintwurdige [[Poalen]], en sakken letter ôf nei de iepen flakten fan wat no de [[Oekraïne]] is. Troch it optwingen fan 'e [[Hunnen]], oan 'e ein fan 'e fjirde ieu, waarden se lykwols nei it westen ta dreaun, dêr't de [[Gepiden]], [[Skiren]], [[Bastarnen]], [[Rugjers]] en [[Herulers]] úteinlik opgongen yn 'e befolking fan 'e [[Balkan]].
 
Fjouwer Eastgermaanske folken teagen lykwols noch fierder nei it westen. De [[Boergonden]] fêstigen harren yn eastlik [[Frankryk]], dêr't se in keninkryk stiften yn it gebiet dat oant hjoed de dei ta harren namme hat: [[Boergonje]]. De [[Eastgoaten]], ''Ostrogoaten'' kamen op it [[Italjaanske skiereilân]] telâne en fêstigen dêr in keninkryk; úteinlik gongen se op yn 'e Italjaanske befolking. De [[Westgoaten]], ''Wisigoaten'', fêstigen harren earst yn wat no súdwestlik [[Frankryk]] is, mar stutsen letter de [[Pyreneeën]] oer en stiften in keninkryk op it [[Ibearysk Skiereilân]], dat fuortbestie oant 'e [[Arabieren]] it yn [[711]] feroveren. En de [[Fandalen]] teagen noch fierder en stutsen de [[Strjitte fan Gibraltar]] oer nei de [[Romeinske Ryk|Romeinske]] provinsje [[Afrika]], dêr't se in keninkryk fêstigen dat koarte tiid sa machtich wie, dat it westlik bekken fan 'e [[Middellânske See]] yn dy tiid bekend stie as de ''Fendelsee''.