De Tike: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl: en befolking
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
noch wat oer de mienskip
Rigel 4:
De omjouwing fan it doarp waard al foar de jiertelling bewenne. De namme Tieke is fermoedlik ôflaat fan it wurd Theeka. Yn in akte út it jier [[1543]] wurdt melding makke fan "een stuck leggende opt Theeka." Om 1700 stienen yn de omkriten in stik of wat pleatsen en meardere seaddehutten ferspraat yn it lânskip. Op 23 oktober 1952 waard offisjeel de status fan "dorp" ferleind en is op advys fan de [[Fryske Akademy]] de namme feroare yn De Tike.
 
De Tike leit fan âlds op de skieding fan twa gemeentes, [[Smellingerlân]] en [[Tytsjerksteradiel]]. De grins rint lâns de Susterwei en de Polderdyk. De Susterwei is neamd nei de susters fan it eardere nonnekleaster yn [[Sigerswâld]]. Dizze [[non]]nen rûnen hjir yn de [[16e ieu]] lâns as hja nei de oare kleasters der omhinne gienen. Dizze ferbiningswei rûn doe dwers troch it gebiet wêr't no [[De Leien]] leit. By de Doktersheide is destiids ark fûn út de Tardenoisien kultuer (± 4500-1850 jier foar kristus).
 
===Befolking= Mienskip ==
De Gielguorde is sûnt [[1929]] de basisskoalle fan De Tike. It doarpshûs hjit Ora et Labora en stiet oan de master De Jongwei. De Heidehipper is de doarpskrante dy't fjouwer kear yn't jier ferskynt. Om de trije jier is it Doarpsfeest. Yn [[2002]] waard it 50-jierrich bestean fan it doarp fierd.
=== Ferienings ===
Der binne gjin sportferienings yn it doarp. Foar fuotbal moat men nei De Pein by [[vv ONT]], in ôfkoarting fan Opeinde, Nijegea en de Tike.
*MSG - muzyk
*Soli deo glora - brassband
*folksdûnsjen
*toanielferiening
*De Dwerssleat - havenferiening
=== Befolking ===
*[[1959]] - 415
*[[1964]] - 342