Potestaat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ik haw wat oan de sinbou dien
w
Rigel 3:
Neffens it saneamde [[Karelsprivileezje]] hienen de Friezen dat rjocht, dêr't yn stie dat de Friezen harren eigen haad kieze mochten. It doch lykwols bliken dat dit Karels privileezje falsk is, mar hat dochs inkele ieuwen jilden. <br>
 
De measte neamde potestaten binne inkeld legindaryske figuren west en it amt hat nea folle foarsteld. De potestaat hie as bystân in rie. Dizze waard keazen op in lândei, wêr't [[Eastergoa]] en [[Westergoa]] tegearre in potestaat en in rie keazen. Foaral yn de tiid fan [[Skieringers en Fetkeapers]] wie it foar de keizer hast ûnmoochlik om in lândei byinoar te krijgen. Yn Eastergoa hienen de [[Fetkeapers]] it foar 't sizzen en yn estergoaWestergoa spilen de [[Skieringers]] de earste fioele. As it safier kaam, betsjutte dat de keizerlike gesant al syn politike jeften brûke moast om de hearen om 'e tafel te krijen en te hâlden. <br>
Der hat sels in trijemanskip west as potestaat, dat wienen in Skieringer en in Fetkeaper en net-polityk persoan.
Ek sy hawwe der net folle fan terjochte brocht. De Skieringers en de Fetkeapers wienen net fan doel om gear te wurkjen. <br>