Piter Jelles Troelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
tafoeging
Ofbyld as thumb; korreksje tekst op monumint; bettere foto fan monumint
Rigel 1:
[[Ofbyld:Hjalmar Branting & Pieter Jelles Troelstra - 1917.jpg|thumb|right|300px|Pieter Jelles Troelstra lofts mei [[Hjalmar Branting]]]]
'''Pieter Jelles Troelstra'''
([[20 april]] [[1860]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] -
Rigel 22:
Nei it útbrekken fan de Russyske revolúsje, seach Troelstra kânsen om de Nederlânske befolking yn [[1918]] ta in sosjalistyske revolúsje oer te heljen. Oan syn oprop waard suver gjin gehoar jûn. Foar Troelstra wie dat in grutte teloarstelling. Hy luts him stikje by bytsje werom út de polityk. Yn de lêste jierren fan syn libben skreaun hy ûnder de titel ''Gedenkschriften'' syn memoares. Op [[12 maaie]] [[1930]] is er yn De Haach ferstoarn.
 
[[Ofbyld:Stiens Troelstramonumint.wiki- Monumint foar Piter Jelles Troelstra.jpg|right|thumb|300px|It monumint foar Piter Jelles. yn Stiens]]
Nei syn dea yn 1930 waard yn Stiens besletten om de âlddoarpsgenoat mei in monumint te betinken. Dit monumint, troch [[Tsjipke Visser]], is der yn [[1933]] kommen, hoeke Langebuorren - It Achterbosk. Dat koe mei stipe fan leden fan de [[Fryske beweging]], ek fan harren dy’t har yn politike sin gjin geastferwant fan Troelstra fielden. It is dan ek foaral in earbetoan wurden oan de dichter en skriuwer Piter Jelles. Op it monumint stiet: ''OantinkingsOan fande neitins fen Piter Jelles - Frysk skriuwerdichter en dichterskriuwer - Fen de Friezen 20-4-1933''. De strjitte dêr't er yn Stiens wenne hat, hjit no ''Piter Jellessingel''.
 
Yn [[1973]] eare de gemeente Ljouwert Troelstra troch in nije literatuerpriis, de [[Piter Jellespriis]], nei him te neamen. Ek is de ISM [[Pieter Jelles]], yn Ljouwert en omkriten, neamd nei Troelstra.