Ferskil tusken ferzjes fan "Willibrord"

→‎Libben: ynterne ferwizing goed makke
L (stavering)
(→‎Libben: ynterne ferwizing goed makke)
Willibrord waard berne yn [[Northumbria]] ([[Ingelân]]) as soan fan tige [[kristendom|kristlike]] âlden, dy't noch net sa lang lyn ta it kristlike leauwen bekeard wienen. As sânjierrige jonge fertrouwde syn heit, dy't Wilgis hiete, him ta oan it [[kleaster]] fan Ripon (flakby [[York]]) as [[oblaat]]. De heit fan Willibrord sels waard [[hearremyt]].
 
Yn Ripon groeide Willibrord op ûnder ynfloed fan [[Sint-Wilfridus]] (Egbert), de biskop fan [[York]]. Dizze biskop wie, oars as de doe yn [[Grut-Brittanje]] hearskende [[Roomsk-katolike Katolike Tjerketsjerke|katolike]]-[[Kelten|Keltyske]] tradysje, in foarstanner fan de Roomske line.
 
Doe Willibrord 20 jier âld wie, gong er fuort nei it "eilân fan de Hilligen", ([[Ierlân]]). Dêr moast er him ûnderwerpe oan tige stringe tucht yn it kleaster fan Rathmelsigy. Hy waard yn [[688]] as [[preester]] wijd. Fûl mei de geast fan "[[peregrinatio]]", en mei de winsk om't de heidenkse folken fan dy tiid te bekearen, stiek hy yn [[690]] mei alve maten oer nei it Jeropese festelân. Hy kaam oan lân by [[Katwijk]] en ferkundigde dêr it [[evangeelje]] oan de [[Friezen]], dy't net yn [[Jesus Kristus|Kristus]] leauden mar [[heidendom|heidensk]] wiene.
19.909

bewurkings