Maksiminus Traks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: right|thumb|250px '''Maksiminus Traks''' (ek '''Maksiminus I''' en somstiids '''Maksiminus de Trasjer''' neamd) (?-238) wie tusken 235 oant maaitiid [[238...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 mrt 2008 om 18.46

Maksiminus Traks (ek Maksiminus I en somstiids Maksiminus de Trasjer neamd) (?-238) wie tusken 235 oant maaitiid 238) keizer fan it Romeinske ryk. Syn folsleine Latynske neamme wie Gaius Julius Verus Maximinus, mei de bynamme 'Traks' foar 'de Trasjer'. Hie wie de earste yn rige fan saneamde "soldatenkeizers".

Libben

Maksiminus waard berne yn in ienfâldich Trasysk feehoedersfamylje. As jongfeint waard er soldaat yn it Romeinske leger en ûnder keizer Septimius Severus makke hy al gau opgong.

Hy stie bekend om syn enoarme lingte en legindaryske kracht. Keizer Septimius Severus wie sa ûnder de yndruk fan syn prestaasjes as worsteler dat er him ta syn persoanlike lyfwacht beneamde. En ek by de opfolger fan Septimius Severus, Karacalla wie hy populêr. Nei de dea fan Karakalle ferlit er leger en kaam werom ûnder Severus Aleksander, dy't him in hêge ofsierposysje joech.

Hy wie tige leafd by de soldaten en waard fuortendaliks troch de troepen ta nije keizer útroppen nei de moard op Severus Aleksander. Syn soan Maksimus beneamde hy ta Caesar.

Keizer

As keizer fierde Maksimus oanhâldend kriich tsjin de fijannen fan it Romeinske ryk. Yn Germaanje en by de Donau del behelle hy grutte suksessen. Lywols koste syn militêre kampanjes in soad jild en dêrom waard troch him de belêstings drastysk ferhege om dat te kinnen bekostigjen. Yn de Romeinske senaat joech dat in soad argewaasje en sy besleten om him yn 238 as keizer ôf te setten en waard ta steatsfijân ferkleare. Yn it ryk brutsen alderlei opstannen út en benammen de opstân yn Afrika krige de stipe fan de senaat. De opstân yn Afrika waard lieden troch Gordianus I en Gordianus II, dy't beiden as keizer erkend waarden.

Doe de opstân nei inkele wiken misleare en de twa Gordianen sneuvele wienen, beneamde de senaat Pupienus en Balbinus ta keizers om Itaalje te besjoeren en te ferdigenen tsjin de ôfsetten keizer Maksimus.

Doe Maksimus it nijs te hearren krieg dat er troch de senaat ôfsette wie, luts er op nei Rome om de haadstêd te ûnderwerpen. By Aksuileia yn Noard-Itaalje waard hy lykswol tsjinhâlden troch in sterke ferdigening. It belis om Aksuileia wie net suksesfol. Uteinlik soed er mei syn soan fermoare wurden tusken april en juny 238 troch syn soldaten, noch foardat sy Rome koenen beriken.