Twanatoerelear: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: De '''twa-natoerenlear''' giet oer de ferhâlding fan it godlike en minsklike yn de Persoan fan Jezus Kristus, dy't troch de Kristenen as de Soan fan God beskôge wurdt. Dizze...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 9 mrt 2008 om 20.41

De twa-natoerenlear giet oer de ferhâlding fan it godlike en minsklike yn de Persoan fan Jezus Kristus, dy't troch de Kristenen as de Soan fan God beskôge wurdt. Dizze kwestje hinget hiel krekt tegearre mei de lear fan trije-ienheid en makket dêr feitlik part fanút.

Op hokker wize de ferhâlding fan de Soan ta de Heit omskreaun wurde moat, hâlde de kristlike mienskip harren eartiids in skoftlang dwaande. Oan 'e iene kant wie der de Grykske term homoiousios (gelyk yn wêzen, gelyke substânsje), oan 'e oare kant de term homoousios (itselde wêzen, itselfde substânsje). Mei "gelyk yn wêzen" wie der romte foar spekulaasje oer de ferhâlding tusken Heit en de Soan, mei "itselde wêzen" wie dat der net. Yn de twa-natoerenlear is de Soan sawol minsk as God en dat kaam it beste ta útering yn de twadde Gryske term homoousios, "itselde wêzen".

Op it Konsylje fan Kalsedon (451), dêr't de lear fan de trije-ienheid en de twa-natoerenlear foarfêst faststelle wurde soe, waard dêrom keazen foar itselde wêzen yn stee fan gelyk yn wêzen.


Sjoch ek