Faaneach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
 
==Skiednis==
Fanø groeide út fan in lytse [[sânbank]] nei in [[eilân]]. De [[Noardsee]] hie in wichtige rol hjiryn. De see spielde sân oan wat op de sânbank lizzen bleau. Hjirtroch groeide Fanø hieltyd grutter. Ek hjoed de dei bart dit noch hieltyd. Dit is goed te sjen yn it noardwestlike puntsje fan Fanø.
 
De earste tekens fan bewenning op Fanø komme út de [[12 ieu]]. It eilân wurdt taskreaun an it Grûnbesit boek fan de Kening fan Denemarken as besit fan de kroan. Yn it jier [[1741]] wurd it eilân troch [[Kening Christian de VI]] ferkocht oan de bewenners fan it eilân.
 
Dit barren is it begjin fan in bloeiperioade foar it eilân. Nei [[Kopenhagen]] beskikte Fanø yn die tiid oer de grutste en wichtichste skipsfloat fan Denemarken. Oerbliuwselen út dizze tiid binne te fine yn [[Nordby]] en [[Sønderho]]. Hjir binne noch altyd âlde skipshúzen te fine.
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] makke Fanø diel út fan de [[Atlantikwall]]. In ferdedigingsliny fan de Dútsers om de Alliearden út it Dútske lângebiet wei te hâlde. Mei de Wrâldkriich binne der sadwaande in protte bunkers op it eilân bout. By Nordby binne inkele fan dizze bunkers iepene foar toeristen.
 
==Mienskip==