Sicherheitsdienst: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stavering
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 9:
De SD groeide út ta in ynfloedrike partijorganisaasje wêr't de [[Schutzstaffe]] (SS) en de nasjonaal sosjalistyske regearing gebrûk fan makke. De SD wurke mei de [[Sicherheitspolizei]] (de Gestapo) en de [[kriminalpolizei]].
[[Ofbyld:Reinhard Heydrich-NARA.jpg|thumb|right|200px|[[Reinhard Heydrich]] hat lieder west fan de SD]]
Tusken de Sicherheitsjinst en de Gestapo wie net folle ferskil. Beide geheime tsjinsten hienen as lieder [[Reinhard Heydrich]] en rapportearren oan Heinrich Himmler. De beide organisaasje hâlden harren dwaande mei deselde taken. Dôchs koe wurdekin steld wurde dat de Sicherheitstjinst mear ynformaasje sammele en de Gestapo de útfierende tsjinst wie.
 
Yn 1938 groeide de SD fan in partij-ynformaasjetsjinst út ta de ynljochtingetsjinst fan Dútslân. De SD observearre politike tsjinstanners fan it [[Tredde Ryk]], it kaam mei polityk nijs út binnen- en bûtenlân. Ek die de tsjinst oan sabotaazjemisjes yn it bûtenlân. Om al dizze taken te dwaan waard er in netwurk fan meiwurkers makke yn it Tredde Ryk mar ek yn de anneksearre gebieten. Om de eigen Dútske befolking te kontrolearjen waarden de NSDAP blockleiter ynsetten. Dit binne minsken út it leechste nivo fan de partij.
Rigel 15:
De SD organisaasje bestie út inkele tûzenen aginten. De sammele ynformaasje waard twa oant trije kear per wike rapportearre yn alle SD ôfdielingen. Dit waard oerhannige oan de wichtichste steatsminsken en partijfunksjonarissen. De SD hâldt him ek dwaande mei it beoardielen fan hegere offisieren en partijlieder op harren politike betrouberens.
 
Fan [[27 septimber]] 1939 ôf waard de Sicherheitstjinst sintraal koördinearre fanút it [[Reichssicherheitshauptamt]]'' (RSHA) en ûnderferdield yn twa kantoaren; it Inland-SD ek wol neamd as Amt III foar binnenlânske dingen en it Ausland-SD ek wol neamd Amt VI foar bûtenlânske dingen. Reinhard Heydrich naam it bewâld op him oant hy fermoarde waard yn 1942. Op [[30 jannewaris]] [[1943]] naam [[Ernst Kaltenbrunner]] de lieding oer en rapportearre lykas Heydrich oan Heinrich Himmler. Kaltenbrunner is oant de ein fan de twadde wrâldkriich op syn post bleaun.
 
== Organisaasje ==