Gepiden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kaartsje derby set
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 2:
De '''Gepiden''' (ek wel Gepidae) wienen in [[Eastgermaanske folken|East-Germaansk folk]], nau besibe oan de [[Goaten]], dêr't sy mei tegearre yn de [[3e ieu]] op it Romeinske [[Daasje]] ynfallen dienen.
 
De namme 'Gepiden' komt nei alle gedachten fan 'Gepanta'; in [[Goatysk]] wurd foar 'loai' of 'stadich'. Nei't it har lit oansjen lit hienen de Goaten net in al te hege dunk fan de alertheid fan de Gepiden. De twa stammen wienen dan ek gauris mei inoar yn oarloch. Oarspronklik wennewennen de Gepiden yn [[SkandinaviëSkandinaavje]], dêrfandinne festigjefêstigje sy harren oan de [[Weichsel]] en sa om [[350]] hinne lutsen sy nei it suden en besettebesetten in part fan de Hongaarske leechflakte.
 
Yn [[376]] waarden de Gepiden krekt as in soad oare Germaanske folken troch de [[Hunnen]] ûnderworpenûnderwurpen. Hja moasten helptroepen leverje oan it leger fan de Hunnen en wienen in wurdearre ûnderdiel dêrfan. By de [[slach op de Katalaunyske fjilden]] (by Troyes yn Frankryk) yn [[451]] foarmdenfoarmen sy de rjochterfleugel fan it grutte Hunnenleger fan [[Attila]] en stienen ûnder lieding fan harren kening [[Ardarik]].
 
De polityk fan de Gepiden jout in goed foarbyld fan de machtsferhâldings út dy tiid. Nei de delgong fan Attila op de Katelaunyske fjilden waarden de Gepiden in wichtige partij yn it ferdriuwen fan de Hunnen. Tegearre mei [[Ostrogoaten]] fersloegen sy ûnder lieding fan harren kening [[Ardarik]] de Hunnen yn [[454]] oan de rivier de [[slach oan de Nadao|Nadao]], earne yn [[Pannoonje]]. As tank waarden sy opnommen yn it [[Romeinske Ryk]] mar lykwols soenen sy troch [[Diderik de Grutte]] wer ferdreaun wurdenwurde út harren wengebiet ([[504]]).
 
Noch gjin tsiental jierren letter waarden de Gepiden sawat alhiel útrogeútroege troch oanfallen fan de side fan it [[Byzantynske Ryk|Byzantinen]] en [[Avaren ]] en yn [[565]] wie sprake dat de Gepiden as folk ferneatige wienen troch [[Langobarden]]. Op dat stuit wie [[Kunimond]] kening fan de Gepiden.
 
Yn [[600]] makke in Byzantynske generaal noch melding fan inkele lytskelytse delsettings bewenne troch Gepiden en yn [[626]] hawwe Gepiden noch meidien oan de oanfal fan de Avaren op [[Konstantinopel]].
 
== Hartoggen en keningen fan de Gepiden ==