Klaaistreek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Nije Side: De '''Klaaistreek''' is in gebiet dat binnen de provinsje Fryslân har eigen kultuergebiet foarmet. De namme komt fan de grûn wêr it gebiet út bestiet, fette seeklaai. Ta it ...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 1 apr 2008 om 14.24

De Klaaistreek is in gebiet dat binnen de provinsje Fryslân har eigen kultuergebiet foarmet. De namme komt fan de grûn wêr it gebiet út bestiet, fette seeklaai.

Ta it gebiet wurdt ornaris de gebieten dy’t noardlik en westlik fan Ljouwert lizze rekkene. De begrinzing rint likernôch by de Fryske Marren yn it suden, Ljouwert yn het easten, en de Waadsee yn it noarden en it westen.

Yn de Klaaistreek wurdt ien fan de fjouwer grutte Fryske dialekten sprutsen, it Klaaifrysk. Dit dialekt ferskilt fan it Fryske dialekt dat yn de Fryske Wâlden, it Wâldfrysk, sprutsen wurdt. Under mear trochdat by it Frysk fan de Klaai it ûnderskied tusken de twa klanken yn de wurden ‘nei’ en ‘nij’ te hearre is.

Ek ûnderskied it Klaaifrysk sich mei is Súdwesthoeksk. Dit trochdat it ferskynsel dat Nijere brekking neamd wurdt yn it Klaaifrysk foar komt en net yn it Súdwesthoeksk.