Baptisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L Nije Side: thumb|right|250px|In folwoeksen doop thumb|right|150px It '''baptisme''' is in kristelike streaming binnen i...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 apr 2008 om 05.51

It baptisme is in kristelike streaming binnen it protestantisme, ûntstean yn 1609 ûnder Ingelske flechtelingen yn Amsterdam. Twa Ingelske predikanten John Smyth en Thomas Helwys wurde as stifters sjoen. It baptisme kin as in Ingelske fariant fan it anabaptisme beskôge wurde dat is waakst ta in aparte beweging. It ûnderskiedende skaaimerk fan it baptisme is dat de doop troch ûnderdompelen bart. Dit part pas by folwoeksenen.

In folwoeksen doop

Lear en tsjerken

Om in baptist te wezen moat men earst doopt wurde. Dit kin pas nei de bekearing ta it kristendom en troch middel fan in iepenbiere belidenis fan it geloof dat Jezus Kristus is kaam as ferlosser. De doop bart troch ûnderdompeljen yn wetter. De foarm fan dopen wêrby bern besprinkelt wurde mei wetter de bernedoop wurdt net leauwt troch baptisten. Dit omdat de bern net bewust binne fan harren dopen.

It wurd “baptist”komt fan it âld Grykske wurd βαπτίζω (sprek út as baptidzo) en betsjut 'dopen'.

Yn de Ingelsktalige wrâld hat de baptisten streaming in soad oanhing. Charles Spurgeon wie in ferneamd baptistepreker. Er binnen yn it baptisten geloof ek wer allegear streamingen dy’t of frijsinnich binnen of ortodoks. Yn de Feriene Steaten is het baptisme ien fan de grutste kristelike streaming. Dit komt omdat in soad baptisten dy’t ferfolge waarden yn Jeropa nei de Feriene Steaten flechten. De Southern Baptist Convention is ferneamd om harren ortodoksy en harren grutte.

Yn Nederlân is in grut oantal baptistegemeenten oansluten by de Uny fan Baptistegemeenten yn Nederlân. gemeenten dy’t net oansluten binnen neame harren self frije baptistegemeenten. .

Ferneamde baptistegemeenten

Ferneamde baptisten

Oantal baptisten in de wrâld

It oantal baptisten yn de wrâld nimt bot ta. Wrâldwiid binne er likernôch 90 miljoen baptisten.

Lannen oantallen
Feriene Steaten 47.000.000
India 2.400.000
Nigeria 2.300.000
Kongo 1.900.000
Brazylje 1.200.000
Súd-Korea 774.259
kanada 729.470


Keppeling om utens