Teudebert I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L robot Erbij: pl:Teodebert I
stêd
Rigel 4:
Teudebert hearde ta de [[Merovingen]] dynasty. Hy waard berne om [[501]] hinne als soan fan [[Teuderik I]] en waard nei de dea fan syn heit yn [[533]] kening fan [[Austraasje]]. Dit gong net allegearre fansels omdat ek syn omkes [[Gildebert I]] en [[Klotar I]] belang hienen by de troan. Teudebert koe lykwols syn hearskippij oer Austraasje feilich stelle troch it sluten fan in ferbûn mei Gildebert.
 
Teuderbert wie aardich súksesfol mei kriichsfieren. Troch syn heit waard er al ferskate kearen op kriichpad stjoerd, û.o. tsjin de [[Denen]] en de [[Fisigoaten]]. As kening liede hy yn [[539]] in fjildtocht nei it noarden fan [[Itaalje]] tsjin de [[Byzantynske Ryk|Byzantinen]] en de [[Ostrogoaten]]. Dêrby oermastere hy [[Pavia (stêd)|Pavia]]. Lykwols waard syn leger teheistere troch goarren en wie hy twongen him werom te lûken. Hjirnei sleat hy in ferbûn mei de [[Longobarden]] en troude mei [[Wisigarda]], de dochter fan de Longobardyske kening [[Wakko]]. Sadwaande krige hy hieltyd mear kontrole oer it gebiet dat tsjintwurdich Súd-[[Dútslân]], [[Eastenryk]] en Noard-[[Itaalje]] omfiemet. Yn [[545]] foel er op 'e nij Noard-Itaalje yn en besette in grut gebiet om de stêd [[Feneesje (stêd)|Feneesje]] hinne, alhoewol't er in dalikse konfrontaasje mei it Byzantynske leger út de wei gong.
 
==Teudebert en de Friezen==