Skandinavysk Skiereilân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Nije Side: It '''Skandinavysk Skiereilân''' is in skiereilân yn Jeropa. It úterste suden fan it gebiet leit yn Skania, Sweden en rint dêrnei nei it noarden ta oant de [[Noardkaap...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 apr 2008 om 23.07

It Skandinavysk Skiereilân is in skiereilân yn Jeropa. It úterste suden fan it gebiet leit yn Skania, Sweden en rint dêrnei nei it noarden ta oant de Noardkaap an ta. De lannen Noarwegen en Sweden lizze op it gebiet. Ek it noardlik part fan Finlân makket yn sommige definysjes diel út fan it skiereilân. Wêr de eastlike grins leit is net hielendal wis. Meastal wurde de grinzen fan Noarwegen en Sweden brûkt.

It lânskip fan it skiereilân wurdt domineare troch it Skandinavysk Heechlân. Yn it westen fan it Skandinavysk Skiereilân lizze de Noarske fjorden, yn it suden lizze de grutte marren, it Vänermar en it Vättermar. Foar de kust fan it skiereilân lizze in protte lytse rotseilantsjes, saneamde skeren.