Fariseeërs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
[[]]
Rigel 1:
De '''Fariseeërs''' (''ôfskiedenen, ûnderskieden, ûnderrjochten'') wienen in [[Joadendom|Joadske]] [[godstsjinst|religieuze]] groep dy't om-ende-by [[200 f. Kr.]] ûntstien is. Sy binne mooglik de opfolgers gan de ''[[Sjasidym]]'' (=Frommen), dy't tidens de [[Makkabeeën|Makkabeeske]] opstân nei foaren kamen.
 
De Fariseeërs holden harren folslein oan de [[halacha|joadske wetjouwing]] lykas delskreaun stiet yn de [[Tora]]. Dêrnjonken holden sy harren oan de mûnlinge oerlevering (de [[Misjna]]). Harren [[leauwen]] komt der op del dat in from libben te libjen en krekte neifolging fan de Tora in minsk tichter by [[God]] bringe sil. De Fariseeërs seagen it as taak om oan de gewoane minsken harren kennis oer te dragen. Sy wienen foaral in groep dy't by it gewoane folk hearde en dêryn ferskilden sy mei [[Sadduseeën]], de partij fan de [[Hegepryster]]s en [[oerpryster]]s. Likernôch bestiene der ûnder de Fariseeërs ferskate rjochtingen, fan liberaal oant konservatyf.
 
Neidat it keningshûs fan de [[Hasmoneeën]] ek it [[Hegepryster|hegeprysterskip]] nei harren talutsen en neidat sy harren hieltyd mear ynlitten hienen mei it [[hellenisme]], kearden de Fariseeërs harren tsjin de keningen. Under kening [[Aleksander Janneüs]] ([[104 f.Kr.|104]]-[[78 f.Kr.]]) late dat ta fûle konfrontaasjes en ferfolging fan de Fariseeërs. De opfolchster fan Aleksander [[Salome Aleksandra]] (78-[[69 f.Kr.]]) begeunstige harren lykwols en joech harren sels in plak yn it [[Sanhedrin]]. Alhoewol't harren politike macht nea grut west hat lykas dat fan [[Sadduseeën]], de partij fan de elite, wienen de Fariseeërs benammen dyjingen dy't de de publike opiny beynfloedzje koenen.