Ynkwisysje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynterne ferwizing goed makke nei ketter
ynterne ferwizing makke
Rigel 1:
De '''Ynkwisysje''' wie in soartemint [[rjochtbank]] fan de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], belêst mei de opspoaring, it ûndersyk en it straffen fan [[ketter]]s, minsken dy't oare opfettings hienen oer it [[leauwen]] yn Kristus, of de offisjele lear fan de Tsjerke ôfwize.
 
De Ynkwisysje wie in tige krêftich ynstrumint, dat fuortendaliks ûnder it gesach stie fan de [[paus]]. Sels de [[biskop]]pen hienen gjin sizzenskip oer de ienfâldige muontsen dy't de ynkwisiteurs eins wienen, omdat ynkwisiteurs ek it dwaan en litten fan biskoppen ûndersykje mochten. Boppedat hie de paus bepale dat alle dieden tsjin de Inkwisysje, ek rjochterlike prosedueres, bestrafe soenen wurde mei [[ekskommunikaasje]]. Dêrtroch stie de ynkwisysje ek boppe alle wrâldske gesach en wie tige machtich.