Rely Jorritsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
utert
spaty
Rigel 1:
'''Rely Jorritsma''', folút ''Aurelius Hotze Theodorus Jorritsma'', ([[11 febrewaris]] [[1905]], [[Jellum]] - [[1 oktober]] [[1952]], [[Ressen]]) wie in [[Frysk|Fryske]] dichter/skriuwer. Njonken syn literêre wurk is hy bekend fan de troch him by testamint yn it libben roppen [[Rely Jorritsmapriis]].
 
Rely Jorritsma waard op 11 febrewaris 1905 berne te Jellum as soan fan de rike Hotze Jorritsma en Emilie Rappard. Op de legere skoalle bliuw er in kear sitten (en krige doe fan syn heit in ezel, dêr't dy him in hynder foarsein hie as er oergong). Undanks dat rûn er de h.b.s. flot troch. Yn [[1924]] stie er ynskreaun as studint fan de [[Katolike Universiteit fan Nijmegen]], neidat er frijlotte wie foar de militêre tsjinst. Fan [[1926]] oant [[1927]] wie hy te finen yn [[Arnhim]] dêr't er in literêre leargong folge. Nei't e rer yn [[1929]] en [[1930]] by it [[Utrechtsch Dagblad]] wurke hie as aspirant-sjoernalist en noch in skoftke yn [[Utert (stêd)|Utert]] as frijwilliger yn in boekwinkel wurke hie sette hy yn maaie [[1931]] wer op Nijmegen oan.
 
Hy kearde de literatuer foarearst de rêch ta en lei him ta op it tekenjen en skilderjen. Oant [[1934]] folge er de Middelbere Tekenskoalle 'Kunstoefening' yn Arnhim. Hy helle dêr de l.û-akte tekenjen. Omt er yn 1934 sakke foar it talittinseksamen fan de keunstakademy yn [[Amsterdam]], gie Rely nei de akademy yn [[Antwerpen]]. Hy keas al rillegau foar in partikuliere oplieding. Syn learmaster waard de Antwerpske keunstskilder [[Albert Thijs]]. Yn [[1935]] sette Jorritsma wer op hûs oan.