Tsead Bruinja: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
katetgory
J'88 (oerlis | bydragen)
Ynterne ferwizings oanbrocht
Rigel 1:
'''Tsead Bruinja''' ([[Rinsumageast]], [[1974]]) is dichter en wennet yn [[Amsterdam]]. Hy studearre yn [[Grins]] [[Ingelsk]] en [[Frysk]] en krige dêr letter in Bachelorstitel foar. Yn Grins organisearre er literêre eveneminten lykas Dichters in de Prinsentuin.
 
Bruinja skriuwt yn it [[Nederlânsk]] en Frysk en publisearre yn `e tydskriften Hjir, Krakatau, Farsk, De Poëziekrant en Parmentier. Twa jier lang wie er redaksjelid fan it tydskrift Hjir.
 
Yn [[2000]] debutearre Bruinja yn it Frysk mei de bondel ''De wizers yn it read'' (Bornmeer, 2000) folge troch noch trije Fryske bondels wêrfan de lêste Gers dat alfêst laket útkaam yn [[2005]].
 
Nederlânske gedichten waarden ûnder oare opnaam yn ''Vanuit de lucht - De eerste generatie dichters van de 21e eeuw'' (Passage, [[2001]]). Yn [[2003]] makke Bruinja syn Nederlânstalige debuut mei ''Dat het zo hoorde'' (Contact) dat nominearre waard foar de Jo Peters Poëziepriis yn [[2004]]. Yn [[oktober]] fan 2004 seach de twadde Nederlânstalige bondel ''Batterij'' it ljocht. Yn juny [[2006]] is Tsead Bruinja mei syn Nederlânstalige wurk fan Contact oerstapt nei Cossee. Yn [[2007]] is dêr ''Bang voor de bal'' (nije Nederlânstalige bondel) ferskynd dy't folge wurde sil troch ''Geboorte van het zwarte paard'' (in twatalige seleksje út syn Fryske wurk).
 
Yn 2004 waard de troch Bruinja en Hein Jaap Hilarides gearstalde twatalige blomlêzing ''Droom in blauwe regenjas/Dream yn blauwe reinjas'' (Contact & Bornmeer) publisearre en begjin 2005 kaam de blomlêzing Klotengedichten (Passage) út, mei gearstald troch Daniël Dee.
 
Tsead Bruinja skreau resinsjes foar [[Trouw]], Awater , Ietsmetboeken (NPS-webside ferbûn oan it radio 1 programma Kunststof) en Boeken.vpro.nl.
 
Bruinja treedt graach op mei de muzikant Jaap van Keulen of mei Michiel Rasker of mei Polo de Haas.