Aldehou (toer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stavering
Rigel 9:
== Skiednis fan de toer ==
=== Bou-opdracht ===
De Ljouwerters woene lykwols mear: se woene krekt sa'n hege toer bij harren nije tsjerke, as dy't de [[Grins (stêd)|Grinzers]] yn 'e jierenjierren 1469-1482 krigen hiene. Der waard sadwaande in aksje op tou set en út hiele Fryslân reinde it jild.
 
En sa waard it dan in feit, dat it stêdsbestjoerstedsbestjoer fan Ljouwert en de [[tsjerkfâden]] fan Aldehou oan boumaster [[Jacob van Aaken]], it bouen fan in nije toer en tsjerke te Aldehou gunden. De deihier fan dizze boumaster wie acht stuorren, frij wenjen en foar it seis jier duorjen fan de bou "een eerlijk nieuwe kleed" it jier.
 
=== Bou fan de toer ===
Boumaster Van Aaken hie sin oan 't kerwei en sette útein mei it fûndearjen. Boumaster Van Aaken wie fan heit op soan in hurde ûndergrûn wend en it bouenbouwen op de Fryske [[klaai]] wie foar him sûnder mis in besykjen, in eksperimenteksperimint. Hy liet in grutte djippe kûle grave, dêr't er oan 't op in djipte fan 1,15 meter bar om bar hurde kalk en taaie klaailagen yn smiet. Doe koe in begjin makke wurde mei it bouen fan 'e toer. Om elts risiko út 'e wei te gean krige de Aldehou in brede foet, fersterke fan acht frij fier útboude steunbearen. Eins soene op dizze útsteksels bylden van [[Hilligenhillige]]n en [[Ingelsingel]]s set wurde, mar dat is der nea vanfan kommen.
 
Al dizze maatregels hawwe lykwols neat úthelle, want de toer begûn al nei it noardwesten te fersakjen doe't er nognoch mar tsien meter heech wie. Neffens minsken dy't it witte kinnen is de treptoer mei 127 sânstienen trêden, dy't tsjin de noardwestlike steunbear boud is, tegearre mei it gewicht de reden fan it fersakjen, wêrtroch de Aldehou sa'n 1 meter 68 út it lead stiet.
 
Jacob van Aaken hat it foltôgjen fan de bouwwurkenbouwurken net belibje mocht, want trije jier nei it begjin fan it wurk is er ferstoarn.
 
De nije boumaster waard [[Cornelis Frederiks]]. Hij hat der mar ien jier oan arbeidzje mocht, doe waard it bouwwurkbouwurk stillein en bleauwen de Ljouwerters sitten mei de net ôfboude toer mei it útsûnderlik skaaimerk dat dy toer út it lead stie. Dit lêste is net hielendal wier, want it fersakjen waard opheind, troch geregeldwei op 'e nij op 't sjitlead fierder te mitseljen, en sadwaande waard de toer net allinne [[skean]], mar ek [[krom]].
 
De bou waard stillein om't de Lege Lannen ûnder ynfloed fan de lear fan [[Maarten Luther]] kamen. De Aldehou wie de tsjerketoer fan de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Roomsk Katolike]] [[Sint Vitustsjerke]], dat men krige foar de bou gjin jild mear.
 
=== Restauraasjes ===
De toer bleau in wouterke, want elsteeltse ieu op 'e nij moasten der ûnderskate kearen kostbere restauraasjes útfierd wurde.
 
De lêste [[restauraasje]] oant no ta, begûn op [[4 juny]] [[1997]], en op [[23 jannewaris]] [[1998]] is de toer offisjeel yn gebrûk nommen as [[skaaimerk]] fan de stêd Ljouwert en as [[útsjochtoer]].
Rigel 32:
 
==De klokken fan de Aldehou==
=== De Grutte Klok yn 'e Aldehou ===
Getten te Ljouwert yn 1633 yn 'e klokkejitterij fan [[Hans Falck van Neurenberg]], húsmanjend yn 'e eardere tsjerke van [[Nijhove]] (gewicht 4500 kg)
 
=== De Lytse Klok yn 'e Aldehou ===
Getten yn 1637 yn 'e selde jitterij. de eardere tsjerke fan Nijehou, dy't doe yn eigendom wie fan 'e opvolgeropfolger fan [[Hans Falck]]: [[Jacob Noterman]] (gewicht 2000 kg)
 
==Technyske feiten==
De Aldehou is likernôch 40 meter heech. Hij hat 183 treden mei in ôfstan fan 22 sintimeter; dat wurdt dan 183 x 22 sintimeter = 40,26 meter. De Aldehou hinget 1,68 meter yn noardwestelijkenoardwestlike rjochting út it lead. Dit is by in hichte fan 40 meter likernochlikernôch 2 graden. De draachmuorren, de noard- en sûdmuorresúdmuorre, binne sa'n 2,36 meter tsjûk. De east- en de westmuorre, dy't fanwege ekstra stipe yn [[1599]] tichtmitsele binne, mjitte 60 sintimeter. De toer soe eins sa'n 120 meter heech wurde. It foarbyld wie de [[Us Leave Frouwetsjerke]] te [[Freiburg yn Breisgau]] yn it [[Swarte Wâld]].
 
==Literatuer==