Kening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wat útwreide oer de Fryske keningen
Rigel 11:
 
===Keninkryk der Nederlânnen===
De titel fan kening bestie yn [[Nederlân]] op 'e nij sûnt [[1815]]. Yn [[1813]] waard de [[soevereiniteit]] opdroegen oan Willem Frederik, [[Prins]] fan [[Oranje-Nassau]]. Hy wie doe Soeverein Foarst Willem VI, mar nei de feriening mei [[Belgje]] op it [[Kongres fan Wenen]] waard er yn [[1815]] nei in muoisume lobby oerhelle de titel 'Kening' oan te nimmen. Hjirmei waard er Kening [[Willem I fan Nederlân]].
Nederlân wurdt al sûnt mear as 100 jier regeard troch in keninginne, omdat de âldsten yn de direkte line al trije kear froulju wiene. Yn de NederlândskeNederlânske grûnwet komt de term ''Keninginne'' foar in regearjende foarst lykwols net foar, dat formeel binne hja kening. Om dizze reden is de man fan de keninginne de [[prins-gemaal]]; hy kin gjin ''kening'' wêze want dat is de titel fan syn frou. Oarsom wurdt de frou fan in manlike kening al ''keninginne'' neamd.
 
De Nederlânske [[Keningskroan]] waard yn [[1816]] fêststeld by Keninklik Beslút of kabinetsoarder (24.6.1816 nr. 77). Oars as by it ynstallearjen fan de measte oare foarsten, wurdt de Nederlânske kening net kroane mei de kroan. Ommers, yn it [[Plakkaat fan Ferlating]] hawwe de Nederlannen steld dat de kening it folk tsjinnet; dêrby past net in ynhuldiging wêrby de kening troch de kroaning boppe it folk pleatst wurdt.