Rely Jorritsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
T.
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 11:
 
Omt er foar syn kwaal, [[multiple sclerose|m.s.]] fersoarge wurde moat, komt er yn de hjerst fan [[1950]] telâne yn 'Klein Jagtlust' yn Oranjewâld. Yn de neisimmer fan [[1952]] ferfart Rely Jorritsma nei [[Ressen]], dêr't er op 1 oktober 1952 komt te ferstjerren.
 
====Syn wurk====
Op [[24 april]] [[1926]] ferskynt it earste Fryske fers fan Rely yn [[Slucht en Rjucht]]. Hy hie
it al in jiermennich earder makke en opstjoerd. Op inisjatyf fan [[Reinder Brolsma]] wurdt it fers dochs pleatst en sadwaande beskôge Rely him as syn 'ûntdekker'.
 
Der binne fan de hân fan Rely Jorritsma njonken in tal praoza-stikken sa'n 170 Fryske fersen ferskynd yn ferskate tydskriften. Yn bondelfoarm binne syn Fryske ferzen nea útjûn. Ut de oantekens dy't Rely neilitten hat blykt wol dat er soks fan doel west hat, mar it is der nea fan kommen. Allinne de Hollânstalige bondel ''Idille in het Nederrijk'' is yn boekfoarm ferskynd.