Antoninus Pius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Opkomst: moat 52 wêze
No edit summary
Rigel 5:
Antoninus Pius waard berne yn de [[Galje|Gallyske provinsjestêd]] [[Nemausus]] (tsjintwurdich [[Nîmes]]) yn it jier [[86]]. Hy kaam út in foaroansteand Romeinske famylje en soe nei de dea fan [[Aelius]] Caesar op [[1 jannewaris]] [[138]], de nije kandidaat wurde fan keizer [[Hadrianus]] om him op te folgjen. Keizer Hadrianus adoptearre him op [[25 febrewaris]] as soan. Antoninus wie doe al 52 jier âld. In foarwaarde foar de opfolging wie lykwols dat Antoninus de 17-jierrige [[Markus Aurelius]] en de 8-jierrige [[Lusius Ferus]] as soannen adopteare soe.
 
==Antoninus Pius as keizer==
==Syn regear==
[[Image:A Pius.jpg|thumb|left|Byld fan Antoninus Pius yn Nimes]]
De titel ''Pius'' hat Antoninus te tankjen oan syn loyaliteit en myldens. Krekt na syn beneaming as keizer kaam hy yn konflikt mei de [[senaat]]. De oanlieding hjirta wie syn takenning fan de earetitel ''Divu'' (god) oan de ferstoarne keizer Hadrianus. Omdat de senaat de lêste jierren op minne foet stien hienen mei Hadrianus, ynearsten dat foarstel ôfwize woene, drige in konstitutionele krisis. Antoninus drige mei ôftrede as de Senaat syn foarstel net oanfiere soe. Under de yndrok fan dizze loyaliteit oan de foargonger en syn adoptyf heit joech de Senaat lang om let ta. Om dizze reden joech de Senaat him de titel ''Pius'' (de "Fromme").
Rigel 11:
Noch letter stelde de Senaat foar om de moanne [[septimber]] nei Antoninus Pius te ferneamen (de moanne [[july]] wie al neamd nei [[Julius Caesar]] en de moanne [[augustus (moanne)|augustus]] nei keizer [[Augustus (keizer)|Gaius Julius Caesar Octavianus]]) fanwege syn treflik liederskap. Mar dy ear wêgerde hy perfoarst.
 
Antoninus Pius wie lokkich troud mei Faustina ([[Faustina de Aldere]] om har te ûnterskieden fan harren dochter [[Faustina de Jongere]] dy't letter mei Markus Aurelius troude). Sy hienen fjouwer bern dêr't trije net âld fan wurde soene. Allinne syn dochter Faustina bleau yn libben. En ek de frou fan Antoninus Pias stoar rillegau, al yn it tredde jier dat er keizer wurden wie. Antoninus earde har troch de byltenis fan syn frou op in protte munten slaan te litten.
 
Oer it generaal is der net folle skreaun oer it tiidrek fan Antonius, omdat er sawat gjin oarloggen fierd waarden, útsein inkelde opstannen yn Noard-[[Brittanje]]. As gefolch dêrfan liet Antonius de nei him ferneamde [[moarre fan Antoninus]] bouwen op sa'n 120 km noardliker fan de [[moarre fan Hadrianus]].
Rigel 20:
Yn [[161]] stoar Antoninus Pius in natuerlike dea op 74-jierrige leeftyd yn syn paleis yn [[Etruria]]. Hy waard opfolge troch de adoptyfsoannen [[Markus Aurelius]] en [[Lusius Ferus|Lusius Aurelius Kommodus]].
 
==Histoariografy==
Antoninus is de iennige fan alle Romeinske keizers dêr't it libbensferhaal oerlevere is troch ien dokumint de ''[[Augustan History]]'', in ûnbetrouber wurk mei in protte sels fersonen ferhalen.
In protte details fan syn libben is troch skiedkundigen basearre op publike fermeldings dy't oer him fûn binne.
 
 
It iennigThe only account of his life handed down to us is that of the ,
==Koppeling om utens==
*[http://www.roman-emperors.org/tonypis.htm {{Aut|R.D. Weigel}}, art. oer Antoninus Pius (A.D. 138-161), yn ''DIR'' (1998).]