Dolsterhuzen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
Plak berjocht
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: ôfbyld fan nl:
Rigel 19:
By de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]] is Dolsterhuzen by de gemeente [[Lemsterlân]] komd. Eartiids lei it doarp yn de gemeente [[Haskerlân]] en oant [[1934]] yn de gemeente [[Skoatterlân]], hokker gemeente no foar in grut part de gemeente [[It Hearrenfean (gemeente)|It Hearrenfean]] is.
Dolsterhuzen hat in lange histoarje, it leit yn in [[leechfean]]gebiet en hat in oerflak fan 1145 ha. De namme soe komme fan it Aldfryske wurd ‘delva’ wat ôfgroeven of ôfgroeven grûn betsjut. Tink hjirby ek oan ''dolle''. De huzen oan de dolde grûn dus Dolsterhuzen.
[[Ofbyld:Pier Christiaanssleat 01.JPG|thumb|right|200px|Pier Christiaanssleat]]
 
It doarp lei yn de [[Sânwâlden]]. De ferfeantingen dy't yn de omlizzende plakken al in soad dien waarden, binne hjir folle letter op gong komd. Hjir en dêr wie in lyts begjin (graverijke), mar de echte feanterij kaam pas op gong yn de twadde helt fan de [[19e ieu]]. It gebiet fan Dolsterhuzen hat hjirtroch in grutte feroaring trochmakke.
Dat yn Dolsterhuzen yn earder tiden in soad bosk west hat bewize de stobben dy't by de lânûntginning en droechmakking fan feangatten oan it ljocht komd binne. It gebiet om Dolsterhuzen wurdt yn it easten begrinze troch de [[Broeresleat]], ten noarden troch de Tsjûkemar, ten westen troch de [[Pier CristiaanssleatChristiaanssleat]] en ten suden troch de âlde rivier de [[Tsjonger]]. Sa kenne wy no it doarp mei oanswettend buorskip de [[Sânbuert]]. It gebiet hat syn wiidsheid behâlden, mar hat noch dúdlik de skaaimerken fan in feanpoldergebiet.
 
==Iepenbier Ferfier==